Apen en Beren

Ienakter foar de jeugd, kombinaasje mei twa folwoeksenen mooglik.

Wobkje is in leaf, mar ferlegen famke en lang sa populêr net as har twalingsuskes. As de reüny fan ‘e basisskoalle is, dan keapet Wobkje in aapke fan Marktplaats. Dan kin se dêr de blits mei meitsje en krijt se ek ris alle oandacht. Mar dat aapke blykt in grutte gorilla te wêzen en dy ûntsnapt al gau út syn koai. Hy hat it each falle litten op de mem fan Wobkje, mar skeakelt sa stadich oan eltsenien út oant Wobkje allinnich oer is. Wa sil har rêde? (Humor)