Skûtsjesilen

Jelle Talsma is werfbaas fan Scheepswerf Talsma en hy hat 9 jier skipper west op it skûtsje De Jonge Jan, by de IFKS. It silen is in echte gesinssport wurden doe’t twa soannen, dochter en skoansoan bemanningslid waarden. Skûtsjesilen is in Fryske tradysje en it is in foarrjocht om dêr oan mei te dwaan mei sa’n prachtich skip!

Trije wiken lang stiet de simmer yn Fryslân yn it teken fan dizze sport en wurdt der striden om de ear, prizen en it kampioensskip. Dizze sport hat derfoar soarge dat in soad skûtsjes bewarre bleaun binne neidat se net langer foeren as frachtskip, sa ek De Jonge Jan út 1911.



De Jonge Jan is yn 2007 kampioen wurden yn ‘e C-klasse. Yn 2008 kampioen yn ‘e B-klasse en yn 2009 kampioen yn ‘e A-klasse! Dat is in útsûnderlike prestaasje en nea earder bard!


Trije kear op in rige kampioen!
Debutant Talsma Kampioen IFKS 2009 Omrop Fryslan

Yn 2014 is De Jonge Jan wer kampioen wurden en yn 2016 is Fonger Talsma (de âldste soan fan Jelle en Hilda) skipper wurden. Hy moast yn ‘e C-klasse starte mar mei in twadde plak binne se drekt promovearre nei de B-klasse. Yn 2017 is De Jonge Jan kampioen yn ‘e B-klasse wurden! Yn 2018 hawwe Fonger en syn bemanning it poadium net helle. It wie ek it lêste jier foar De Jonge Jan by de IFKS want de skipper hie oare plannen.

Mar it aventoer fan De Jonge Jan is noch net foarby want yn 2019 is nei goed oerlis besletten dat it skûtsje wer nei de SKS sil! Se sil no foar Langwar sile, mei Harmen Brouwer as nije skipper!

Fonger Talsma, Jelle Talsma & Harmen Brouwer (2019)

Klik dizze link oan foar mear ynformaasje oer it nije aventoer fan De Jonge Jan .

Klik dizze link oan foar it skûtsjesjoernaal fan 4-8-2015, dêr’t Hilda fertelt oer har boek Wyn fan feroaring.
Klink dizze link oan foar it skûtsjesjoernaal fan 15-8-2016 mei Jelle, Hilda en Fonger
Klik dizze link oan foar it skûtsjesjoernaal fan 26 augustus 2017.



Hûndert jier skiednis fan dit prachtige skûtsje is beskreaun yn it boek De Jonge Jan, De Poep en de Sytema’s, útbrocht by útjouwerij Penn.

Klik dizze link oan om it filmke fan GPTV te sjen.