Boeken

De Onniefariant

It koroanafirus hat de wrâld al twa jier yn ‘e greep. Lockdowns, faksinaasjes en oare maatregels ha in grutte wjerslach op ‘e minsken. De grutte ûnwissichheid oer alles makket dat minsken hieltyd mear tsjinelkoar oer komme te stean. Ek de Onnies reitsje slim ferdield as it op pandemy en polityk oankomt. As dan ek noch de koarte, mar yntinse relaasje tusken Roos en Richard fan trije jier lyn oan it ljocht komt, rinne de frustraasjes oer en wer sa heech op, dat de famylje út elkoar driget te fallen.


Wyn trilogy

Yn dizze trilogy binne trije skûtskjeromans fan Hilda Talsma bondele. Yn diel 1, Wyn fan feroaring, treft de jonge húsdokter Johanna Kamstra har neef Ate en har âlden foar it earst nei jierren wer. Dat is it gefolch fan it testamint fan omke Hannes, dy’t harren allinnich syn foarstlike erfenis neilit as se mei elkoar syn skûtsjekasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje.

Johanna har mem Connie en dy har suster Bonnie, koartwei de Onnie’s neamd, binne fan it begjin ôf oan smaakmakkers yn dit boek mei har flotte Ljouwerter taal en prachtige útspraken.


Kadoboek Lockdownleafde

Panhuys is de populêrste klup fan Ljouwert. Dat komt foaral troch eigner en DJ Ewald, dy’t de sfear ta grutte hichten wit te bringen. Mar dan komt koroana. It lân leit plat, de klup moat slute en Ewald is syn hâldfêst kwyt. As er syn suster helpt mei de húshâlding docht bliken dat er dêr tige slach fan hat en al gau bedarret er ek op oare plakken. Wylst er sa goed mooglik syn bêst docht, komt er troch ferskate froulju yn yngewikkelde sitewaasjes telâne.

In humoristysk en spannend ferhaal mei in gastrol fan Connie (Onnie) Kamstra.


De Onnie’s en it hynstebal

It libben fan Connie en Bonnie Kamstra stiet op ‘e kop troch in ûnferwacht foarfal wêrtroch de ferhâldings feroarje en op skerp komme te stean. Dat Roos en Hindrik op de pleats passe moatte en de kamping Roos oer de hege skuon rint, komt dan ek krekt op it goede momint. De Kamstra’s geane der hinne om te helpen en dat bringt de Onnie’s yn kontakt mei in hiele oare wrâld, dy fan de hynders.


Slangen ûnder it bêd

Slangen ûnder it bêd is in jeudgboek, skreaun nei in idee fan Henk de Vries. Marte en Rienk geane mei de klasse nei Amsterdam. As Marte op in jûn by in knappe jonge út har jeugdherberch sitten giet ynstee fan by har freonen, hat er gjin goede bedoelings mei har. De jonge en syn maat nimme Marte mei, mar litte har efter as se neat mei har wurde kinne. Rienk fljocht him út ‘e naad om har werom te finen en sa komme se by Justine en har soannen. Yn in foto-album by Justine thús sjocht Rienk ta syn fernuvering in foto fan in echt Piipster skûtsje. Dat liedt ta in ferrassende reis nei Justine har bertelân, Suriname.


Wyn fan de winners

De famylje Kamstra sylt foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse en dat soarget foar de nedige spanningen. It famyljegeheim drukt noch altyd in stimpel op Johanna har libben. Se liket ek mar net ôf te kommen fan har eks-skoanfamylje en Ate is net tefreden oer it nije túch. As se op ‘e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna boppedat ek noch tsjinst dwaan as sintraal punt en wurde de Onnie’s de baas yn harren keuken. De hurdsylwike set it libben fan Johanna en Ate dan ek folslein op ‘e kop. Se moatte roeie mei de riemen dy’t se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden… yn mear as ien opsicht.


Wyn fan de wierheid

De famylje Kamstra sylt foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse en dat soarget foar de nedige spanningen. It famyljegeheim drukt noch altyd in stimpel op Johanna har libben. Se liket ek mar net ôf te kommen fan har eks-skoanfamylje en Ate is net tefreden oer it nije túch. As se op ‘e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna boppedat ek noch tsjinst dwaan as sintraal punt en wurde de Onnie’s de baas yn harren keuken. De hurdsylwike set it libben fan Johanna en Ate dan ek folslein op ‘e kop. Se moatte roeie mei de riemen dy’t se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden… yn mear as ien opsicht.


Wyn fan feroaring

Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy ‘t sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan ‘e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing.


Frisum Trilogy

Yn dizze trilogy binne de trije boeken fan Hilda oer it doarp Frisum bondele.


Brekber

Sinne kin better mei hynders as minsken. Dy begrypt se teminsten en sy begripe har. Freonen hat se net, ôfsjoen fan Jorrit dy’t se al har hiele libben kin en letter in relaasje mei krijt. Hy begrypt har folslein, mar wol mear fan har dan dat se him jaan kin.

As se mei har âlden en sus nei Sardinië giet, op besite by har earder noch ûnbekinde pake en beppe, wurdt dúdlik wêr’t Sinne har leafde en talint foar hynders fan hat mar ek har ûnfermogen om echt kontakt mei minsken te lizzen. Se treft in ruter dêr’t se slim fan ûnder de yndruk rekket en dat set alle ferhâldingen op skerp


It Geloksbern

Als Betty nei in skoft yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan Evert en har dochter Ymkje witte. Se hat slim lêst fan skuldgefoel èn fan har ferbrânde earm, dy’t noch net goed genêzen is. Elske besiket har op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De Hûnekop organisearret. Se komt swier ûnder de betsjoening fan Emiel, mei in stim like rau en rûch as de sjonger sels. Betty wol suver wer âlderwetsk los en de maten út har wylde tiid kinne de eagen net fan har ôf hâlde. Mar dan bedjert har suster Akkelyn, lyk as altyd, it feest.


Flammen

Elske is drok dwaande mei de tariedings foar har houlik. Betty sil dêr in grutte rol yn spylje en dêr spuit har famylje raar guod fan, sjoen Betty har reputaasje yn it doarp. Mar Betty hat in protte talinten en krijt dêrtroch suver mear oansjen. Wisberet om Elske net teloar te stellen, seit se ta dat se har gedrage sil, mar se komt foar grutte útdagings te stean. Elske, ek net altyd like handich yn it oersjen fan har eigen spontane aksjes, hat der noed oer oft it allegear wol goed komt, mar it wurdt in ûnferjitlike dei. Yn mear as ien opsicht


De Twadde hûd

Elske hat in opstannige dochter, in man dy’t nei in ûngemak de moed opjûn hat, mar dochs docht se har bêst om wat fan it bestean te meitsjen. Lykwols, djip yn har hert heakket der wat. Se tinkt dat it krijen fan in poppe it libben kompleet meitsje sil, mar dat kin net mei Sjoerd, hy is ûnfruchtber. Ferfolle fan har bernewinsk nimt se neidat se te djip yn it glês sjoen hat, in drastysk beslút. Mar de man dy’t se foar de ferfoller fan har dream oansjocht, docht dy winsk ek net útkommen. Se skammet har djip en hat spyt fan har domdrystens. De jûns foar de merke set se him oan ‘e dyk, mar dêr is er it net mei iens.


De Jonge Jan

De Jonge Jan is in legindarysk skûtsje, boud yn 1911 op de werf ‘De Piip’ yn Drachten fan de gebr. Roorda. It boek beskriuwt de skiednis fan De Jonge Jan fan de Sytema’s ôf, dy’t it skip bouwe lieten, de gloarjetiid mei alle wedstriden en prizen, de ûndergong en de persoanlike drama’s oantemei it weromkommen oan ‘e top by de IFKS mei skipper Jelle Talsma.