De Onnies en it Hynstebal

It libben fan Connie en Bonnie Kamstra stiet op ‘e kop troch in ûnferwacht foarfal wêrtroch de ferhâldings feroarje en op skerp komme te stean. Dat Roos en Hindrik op de pleats passe moatte en de kamping Roos oer de hege skuon rint, komt dan ek krekt op it goede momint. De Kamstra’s geane der hinne om te helpen en dat bringt de Onnie’s yn kontakt mei in hiele oare wrâld, dy fan de hynders. Se ha de smaak al gau te pakken en Connie set Wildrik, in eigenwize Fryske hynst dêr’t sels Hindrik net mei omgean kin, op har eigen wize te plak. De relaasje tusken Roos en Hindrik hat bot te lijen ûnder de frustraasjes fan Hindrik en sadwaande giet Wildrik  nei de maneezje fan Richard en Sinne. Wildrik fielt him al gau thús by Sinne en Roos by Richard. Mei-inoar dogge se de tarieding fan Wildrik foar de hynstekeuring yn it WTC EXPO en de oanrin én útkomsten dêrfan binne  mear as ferrassend!

 

Bestelle

‘De Onnie’s en it hynstebal’.

<

It boek oer de Onnie’s is klear! It waard tiid dat dizze froulju har eigen ferhaal krigen want se binne sa leuk! Hjoed is de presintaasje by de greidbuorkerij yn Warten mei oanslutend in sutelaksje fan Boeken Fan Fryslân. Al myn lêzers binne fan herte wolkom en as jimme it boek bestelle wolle, klik dan dizze link oan.

‘Slangen ûnder it bêd’ op ‘e list foar de Simke Kloostermanpriis!

Simke Kloostermanpriis 2019 (Webside fan it Skriuwersboun)

TWIZEL – Yn jierren binne der net safolle boeken yn de beneaming kommen foar de Simke Kloostermanpriis, de trijejierlikse berneboekepriis foar oarspronklik Frysk wurk. Mar leafst 40 boeken steane op de list, rom in tredde mear as de foargeande jierren. Hat de sjuery him by de ôfrûne priisútrikkingen wolris negatyf útsprutsen oer de stân fan saken omtrint de Fryske berneliteratuer, no stiet der foar moannen oan lêsfoer op de planke.

Sytske Eringa, Gerbrich van der Meer en Geart Tigchelaar binne oansteld as sjueryleden, in betûfte sjuery dy’t goed yn de berneliteratuer thús is. Ein 2018 is al úteinset mei it lêzen fan alle boeken om de ûnfoege put op ’e tiid de baas te wêzen. Op 17 maaie 2019 wurdt de priis útrikt yn de tsjerke fan Twizel.

It bestjoer fan it Simke Kloostermanlien is wakker bliid mei de rispinge. By de lêste útrikking is it prizejild ferhege nei €5000,-, in respektabel bedrach dat past by in grutte prestaasje. Net allinnich yn oantal is it in rekôr, mar de boeken binne oer it gehiel moai foarmjûn en goed fersoarge. Der is boppedat in grut ferskaat. Der binne printeboeken by, keunstboeken, skoallêsboeken, fersebondels, ferhale- en poëzijbondels mei bydragen fan meardere skriuwers en ek unyk wurk dat him minder maklik yn in kategory pleatse lit. It oandiel jongereinliteratuer is ek grutter as earder, in kategory dy’t al jierren achterbleau.

Dat der sa’n soad boeken útkommen binne, en der safolle bysûndere dielsjênres ûntstien binne, hat mooglik te krijen mei 2018, it jier dat Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa wie. Mar ek yn 2016 en 2017 is der in soad produsearre. Dy moaie opbringst wie foar it Simke Kloostermanlien in reden om wat ekstra’s te dwaan. Op 10 april wurdt dêrom in foarlêswedstryd organisearre foar learlingen fan de basisskoallen yn de gemeente Achtkarspelen. De trije bêste foarlêzers winne in boekepakket mei de nijste boeken, wêrûnder it winnende boek. It liket in “gouden” tiid foar de berneboeken en de jonge lêzers moatte de grutte winners wurde. No is it ôfwachtsje wa’t yn maaie de Simke Kloosterman- priis wint.

BOEKELIST FOAR DE SIMKE KLOOSTERMANPRIIS 2019
2016:
Janneke de Boer, Rôversguod. Yllustraasjes: Vera Damhuis. Uitgeverij Louise, Grou

Lida Dykstra, Wenje yn in skilderij. Wijdemeer en Fries Museum, Ljouwert (it boek is tagelyk yn Nederlânske oersetting útkommen)

Rients Gratama, it Stuoltsje t Stoultje het Stoeltje. Yllustraasjes: Carla van der Heijde. Friese Pers Boekerij/Noordboek

Mirjam van Houten, Tije. Yllustraasjes: Mirjam van Houten. Afûk, Ljouwert

Hanneke de Jong, Wês net bang (mar wol foarsichtich). Afûk, Ljouwert

Auck Peanstra en Riemkje Pitstra, Tomkes foarlêsfeest. Yllustraasjes : Luuk Klazenga. Afûk, Ljouwert

Yke Reeder en Sytse Jansma, Wapper. Yllustraasjes: Yke Reeder. Tresoar, Ljouwert

Joke Scheffer, Mûske fan Martena. Tekeningen: Ronald de Haan. Martenastate, Koarnjum

Joke Scheffer, Skelte wol in skelter. Yllustraasjes: Anna Sikkes. Afûk, Ljouwert

Hendrika Vis-de Ruiter, Siem en Sanne sjogge Sint Piter. Yllustraasjes : Bernard Roorda. Uitgeverij Louise, Grou

Jeannette Westra, De aventoeren fan Edze Ballontsje. Yllustraasjes: Titia Hoogeveen. Friese Pers Boekerij

Baukje Wytsma, Lytse Protter. Yllustraasjes: Yke Reeder. Afûk, Ljouwert

2017:
Janneke de Boer, Stikel en it koartste paad nei Lange Prins. Yllustraasjes: Janneke de Boer. Uitgeverij Louise, Grou

Eppie Dam, Tsjilp. Linoleumfiken: Lienke Boot. Utjouwerij DeRyp, Blauhûs

DJ Elle en oare LinKk ferhalen. Afûk, Ljouwert

Geartsje Douma e.o., Spetter, spetter… en oare ferskes. Yllustraasjes: Linda de Haan. Afûk, Ljouwert

Lida Dykstra, De huodsjes fan Mata-Hari. Yllustraasjes: Natascha Stenvert. Wijdemeer

Lida Dykstra, Pykje Fjouwer. Yllustraasjes: Ina Hallemans. Afûk, Ljouwert

Lida Dykstra, Ridder Jet. Tekeningen: Maaike van den Akker. Audiofrysk

Lida Dykstra, De weddenskip. Yllustraasjes: Nina Peckelsen. Afûk, Ljouwert

Mirjam van Houten, It kadootsje – Het cadeautje. Yllustraasjes: Mirjam van Houten. Afûk, Ljouwert (twatalich)

Anny de Jong, Boem is ho! Tekeningen: Yke Reeder. Audiofrysk

Hanneke de Jong, Gers op it dak. Tekeningen: Linda de Haan. Audiofrysk

Hanneke de Jong, Heksegrytta. Bornmeer

Jurjen van der Meer, Sin oan. Yllustraasjes: Maaike van den Akker en Lip Ferwerda. Utjouwerij Elikser, Ljouwert

Jurjen van der Meer, De toverangel fan Ate. Tekeningen: Maaike van den Akker. Audiofrysk

Jan Schotanus, Wat in ein! Tekeningen: Linda de Haan. Audiofrysk

Hilda Talsma, Slangen ûnder it bêd. Utjouwerij Elikser, Ljouwert

Mindert Wijnstra, Beppe hat in aaipet. Tekeningen: Babs Wijnstra. Audiofrysk

2018:
Janneke de Boer, Geheimen út ‘e Boskberch. Yllustraasjes: Janneke de Boer. Utjouwerij De Boekebei, Weidum

Dêr komt Tomke oan. Tekeningen: Luuk Klazenga. Afûk, Ljouwert

Lida Dykstra, Dweiltrochwiet / Kleddernat. Yllustraasjes: Willemke Brouwer. Afûk, Ljouwert (twatalich)

Lida Dykstra, Sipke’s Elfstedentocht / Sipke syn Alvestêdetocht. Yllustraasjes: Harmen van Straaten. Rubinstein,Amsterdam en Afûk, Ljouwert (twatalich)

Hanneke de Jong, De Bonsterkes op ‘e terp. Yllustraasjes: Linda de Haan. Bornmeer

Janny van der Molen, De trije klokketiers fan Koartsweagen. Yllustraasjes: Monique Beijer. Bornmeer

It leafst bin ik in fûgel. Poëzy foar bern fan 9 – 99 jier. Yllustraasjes: Marijke Klompmaker. Afûk, Ljouwert

Nei de top. Seis ferhalen oer ferneamde Friezen. Utjouwerij Elikser, Ljouwert

Koos Tiemersma, Heech Tymo, sjoch omheech. Yllustraasjes: Carla van der Heijde. Het Nieuwe Kanaal

Dolf Verroen & Mindert Wijnstra, Bart & Bouke. Yllustraasjes: Babs Wijnstra. Afûk, Ljouwert (twatalich)

Mindert Wijnstra, Sirkus PeM en de ûlewapper. Yllustraasjes: Babs Wijnstra. Afûk, Ljouwert

1 2 3 21  nei boppe ta