Oer Hilda

Hilda Talsma (1971) debutearre yn 2011 mei de roman De twadde hûd, it earste diel fan de Frisum-trilogy. Dêrnei skreau se Flammen (2012) en It geloksbern (2013).

Yn dizze boeken wurdt in doarpslibben op in realistyske en rûge manier beskreaun. Har direkte en humoristyske styl fan skriuwen, yn sprektalich Frysk, meitsje dat de boeken flot en meisleepjend binne om te lêzen.

Berne op in doarp en har hiele libben wenne yn doarpen, wit se as gjin oar wat der him achter de ‘deeglike’ skermen fan in doarpsmienskip ôfspylje kin. Oerspul, drankmisbrûk, merke, romantyk, seks en leafde… alle yngrediïnten foar in spannend ferhaal.



‘Hilda Talsma hat mei De twadde hûd sjen litten dat se in talint hat dat in breed publyk fertsjinnet: flot, meinimmend, humoristysk en mei in oansprekkende styl. Yn har twadde boek Flammen giet se net allinne fierder mei it útdjipjen fan de personaazjes út har earste boek, se lit ek sjen dat se groeid is yn har skriuwersskip. It boek is tige ûnderhâldend en hat in ferrassend slot.
It Geloksbern is de titel fan it tredde en lêste diel út de Frisum-Trilogy. Wa ’t earder in boek fan har lêzen hat, wit wat dat betsjut: wille, romantyk, seks en healewize sitewaasjes, dy ’t lykwols elk oerkomme kinne. Want dat is Hilda Talsma. Se nimt jo mei fleur en faasje mei yn it libben fan de ynwenners fan it moaie doarpke Frisum. In doarp as alle oare doarpen yn Fryslân. De minsken meie wol oer in fersetsje en as der dan in feest is, dan wolle de oars sa degelike maskers noch wolris foarwei gean en wurdt der hjir en dêr flink bûten de stringen stapt. Dat jout hilaryske sitewaasjes, mar ek pynlike mominten, dy ’t foar elk werkenber binne, ommers: soks bart rûnom. ’ Martsje de Jong



Nei de Frisum-trilogy skreau se it boek Brekber (2014) oer it bysûndere hynstefamke Sinne. Yn 2015 ferskynde de earste skûtsjeroman Wyn fan feroaring, yn 2016 Wyn fan de wierheid en yn 2017 Wyn fan de winners. Yn De Onnie’s en it hynstebal (2019) sjogge we guon personaazjes út de eardere romans wer werom. Tuskentroch skreau se ek noch har earste jeugdboek Slangen ûnder it bêd (2017), nei in idee fan Henk de Vries.

Yn 2020 is Hilda frege om it kadoboek foar de Fryske boekewike fan 2021 te skriuwen en dat is Lockdownleafde wurden. Dizze kear nimt se jim mei nei Panhuys, de populêrste klub fan Ljouwert.

Alle boeken binne útjûn troch útjouwerij Elikser yn Ljouwert.

Hilda is troud mei Jelle Talsma en se hawwe fjouwer bern; de trije soannen Fonger, Hylke en Teunis en dochter Rixt.