De Wiko’s

It ôfskiedskonsert fan de Wiko’s… ik wie der mei ús mem hinne. We hiene in moai plak en we hawwe genoaten. De âlderein siet op ‘e stuollen en de minder grize prúkjes stiene dêrachter of by de bar. Ik siet neist ús mem en se koe alle ferkses út folle boarst meisjonge. It bûthûsbankje, It haadstel oan ‘e muorre, Op het perron en ik koe it Simmer 2000 liet út ’e holle. Fryslân, do libbest, do libbest yn myn hert… en dat koe ús mem wer net.

Ik kom út Alde Leie en wy hiene eartiids net de Wiko’s op it matinee. Ik kin my heuge dat wy meastal de dikke lul band hiene mei Arie. Mar in pear jier lyn wiene se wer op ‘e merke yn Warten. Dat wie in grut súkses! Minsken dy’t noait mear op it matinee kamen, wiene der wer. Want it wie wer echt matinee. En justerjûn wie it in mega-matinee. Mei hert en siel waard der spile en songen troch in hiel ferskaat oan muzikanten om Kobus in moai ôfskied te jaan. En sels hat er ek alles dien wat yn syn fermogen lei. Hy hie it repertoire gearstald en oan ús mem te sjen en te hearren, hie dat net better kinnen. Sy hat dan ek de dvd besteld en ik in broadsje hamburger spesjaal.
It wie spitich dat je by it poadium net dûnsje koene, dan hie it feest noch moaier west. Want de sfear siet der goed yn en de fuotsjes kamen hjir en dêr al fan ‘e flier mar der wie eins net genôch romte foar. It lûd wie ek perfekt. Ik ha de fingers net yn ‘e earen hân en alles wie goed te ferstean. Der wie in blazer ûnder de muzikanten dy ’t my pikefel besoarge en se diene ek in pear prachtige Biltse ferskes. Dan song de drummer fan de Wiko’s en krûpte Geert achter it drumstel.
Dizze jûn draaide om Kobus en de man achter dit barren wie Geert van Tuinen. Hy hat yn no time dit konsert organisearre mei allegear help fansels, mar hy hat it inisjatyf nommen. En dat hat er yn myn eagen perfekt dien! En hy kin dus ek noch drumme en sjonge. It wie in feest, dizze jûn mar al in feest mei triennen. Triennen om Kobus en Kobus moast sels ek gûle. De minsken yn ‘e seal holden it net droech en de oare muzikanten op it poadium ek net.

Wie der in minpunt? Ja! De reden fan it ôfskied. In brekbere Kobus dy’t ôfskied nimme moat fan syn muzyk, net wittend hoe lang’t er noch hat en dan ek ôfskied nimme moat fan syn húshâlding. Syn frou en bern helle er op it poadium en dat wie in emosjoneel momint. Wat my dêrom hiel bot steurd hat, wie it gerûzemûs fan de minsken achter yn ’e seal. Dit wie in spesjale jûn, organisearre foar in spesjaal persoan, dus dan witte je wêrom’t je derhinne gean. It wie net in gewoan sûpmatinee, mar in earbetoan. In hiel soad minsken hawwe har bêst dien om it slagje te litten en de measte minsken wiene der om te genietsjen en te lústerjen. It is ek neamd op it poadium, oft de minsken achter yn ‘e seal der rekken mei hâlde woene. Mar dat barde net echt en dat fyn ik asosjaal.

Fierder wie it in geweldige jûn. Mei bussen waarden we nei de sporthal brocht en wer ophelle. Sa sjogge je mar wer wat je mei feriene krêften wol net út ’e wei sette kinne yn in koart skoftsje tiid. Tiid, dy’t de measten fan ús noch wol ha, mar wat foar minsken sa as Kobus net te foarsizzen is. Dan is de siswize: Ik ha de tiid fan myn libben hân al hiel dûbel. Dochs hawwe neffens my alle minsken dy’t op it ôfskiedskonsert fan de Wiko’s wiene, dat hân. En de Wiko’s hawwe foar in hiel grut part fan de Friezen ek in bysûndere tiid fan har libben west. Want as de Wiko’s der wiene, dan wie it feest!