Drammer

Efkes te winkeljen west yn, lit ús sizze, Burgum. Mei ien fan myn jonges, hy woe graach in nije joggingbroek ha. Dat wy nei de winkel, lit ús sizze, in sportsaak. No kaam ik dêr wol gau ris, altyd handich mei al dy aksjes as je bern sportyf binne, of wêze wolle. Mar it wie my alris opfallen dat dy nije ferkeaper wol hiel goed dramme kin. De earste kear dat ik him trof, stie er mar te eameljen by de kassa oer sokken, want die wiene yn ‘e oanbieding, dy ha se altyd yn ‘e oanbieding. Yn Ljouwert, yn Drachten, dus ek yn Burgum.
‘Nee, bedankt,’ sei ik. Klear dochs, soene je dan tinke. Net dus. Hy bleau mar trochseuren oer dy sokken en dat je eins altyd wol sokken nedich ha en it wie in moaie oanbieding en oft ik it wol seker witst. Ik hie al ‘nee’ sein en hy skeat my kompleet yn it ferkearde kielsgat, mar ja, de bern derby dat ik moast in pedagogysk foarbyld wêze en skodde mei in serene glimk myn holle. Mar ik tocht: ‘Hâld dochs dyn kop te seuren oer dy sokken, idioat!’
Doe’t ik der werris kaam en hy der wie, besocht ik mei in grapke dúdlik te meitsjen dat ik gjin sokken hoegde, mar ik leau net dat dat boadskip oankaam. Hy hat gjin gefoel foar humor. In pear wiken lyn holp er my aardich, sûnder te drammen… oant ik wer by de kassa stie. Want: Hie ik al in paske? Dat paske koste tsien euro, mar dat soene je samar weromfertsjinje want… en dêr gong er wer.
Ik tink altyd dat net in winkel wat om ‘e nocht docht en alles wat se dogge wurde se better fan en ik ha paskes genôch. Wêrom ha se gewoan net ien paske dêr’t bygelyks ‘Burgum’ of ‘Ljouwert’ opstiet en datst dy dan yn alle winkels yn dat plak brûke kinst. Hy stie wer sa te drammen en myn libben wie net kompleet sûnder dat paske en je soene dochs wol gek wêze as je dat paske net kochten, mar ik tocht: ‘Stek dat paske mar yn dyn #*!# en dy sokken helje ik wol by de Zeeman.’ Want dy hie ik doe ál nedich.

No bin ik wolris wat obsternaat, dus it kin ek oan my lizze en we fertsjinje allegear in twadde kâns yn it libben, dat fannewike wiene wy der dus om in joggingbroek. Hylke seach in moaienien, fan Adidas, mar de drammer kaam der al wer by en foardat we itsels betinke koene, hie er ús al bombardearre mei aksjes en we moasten op sa’n boerd sjen dat yn ‘e winkel hinget want dêr kinst alles fan bestelle en úteinlik wiene we better ôf mei in joggingpak want dan hiene we foar deselde priis in fest derby en je soene wol gek wêze as je dat net diene. En mei it paske hiene we nochris 10 persint koarting, want we hiene dochs al sa’n paske?!
Ik seach nochris nei de broek dy’t Hylke moai fûn, mar dy wie net fan in aksje, dus dan wiene we djoerder út, mar as je no eat moai fine? Dêr gong er glêd oan foarby. Ik tocht: ‘Ik moat hjirwei! Ik wurd gek! PMS!’
Dat ik die krekt as seach ik wat oars en rûn hast de winkel út. Ik liet myn bern yn ‘e steek, mar ik hie gjin kar. Oars hiene se him mei in traumahelikopter ôffiere moatten. Doe’t Hylke einlings út syn klauwen ferlost wie, skarrele er mismoedich nei my ta. Hy wist it net en woe wol efkes fierder sjen. Wy rûnen de winkel út en bûten suchte er djip. ‘Ik waard gek fan dy man, mem!’ sei er. ‘Ik wist op it lêst hielendal net mear wat ik eins ha woe.’