Echt wier!

Ik bin in húsfrou út Fryslân dy’t sneontejûn te let op bêd kommen is nei in moai feestje en dêrom sa min as pudding op de bank lei te zappen. En doe kaam ik út by de The Real Housewives of Orange C. Okee … Wêr giet it oer? Ik soe it net witte.

In pear blûne en brune froulju mei lang hier, lange skonken, boarsten as meloenen, opspuite lippen en ferskate problemen wurde mei in kamera folge en se hiene no in feestje by immen dy’t krekt besletten hie dat se skiede woe. Der wiene ek noch twa dy’t elkoar it libben soer makken en dy twa hjirboppe stiene te bekfjochtsjen as in stel pubers wylst se dochs wol oer de 40 wiene. Want de iene hie wat tsjin de oare sein oer har lippen? ‘Wêrom sjocht mem hjirnei?’ frege Teunis en ik soe it wier net witte.

Dochs lei ik der mei fernuvering nei te sjen. Dizze minsken hiene blykber in soad jild oan de huzen en auto’s bestege, sa te sjen. En fan de klean dy’t se yn ‘e kast hiene, soene je hjir grif in aardich húske keapje kinne. De manlju wiene wat minder ‘perfekt’ as de froulju en se moasten hiel wat geëamel oanhearre, wat se ek noch braaf diene. Hiel apart. Hoe kin it no sa wêze dat we as minsken evoluearre binne ta in nivo dat it praat giet oer wa’t dikkere lippen of boarsten hat? It feit dat it kin en normaal útsjende froulju harren sa optakelje litte, kin ik net befetsje. Hoe is it no dochs mooglik dat we begûn binne mei it útfinen fan it tsjil en útkommen binne op sokke minsken?

Ik bin ek in frou en ik kin ek wol eamelje. Mar ik ha lokkich in echte keardel dy’t op ‘e tiid seit dat ik myn snút hâlde moat as it nearne mear oer giet. It feestje dêr’t ik wie, wie gewoan yn Warten en it wie gesellich mei gewoane minsken. Gjin geseur oer lippen, boarsten of jurken. Der wie net ien dy’t der útseach as in barbie en de mannen binne hjir mannen sa’t we dy yn Fryslân kenne. Leuk, maf en yn ’e oalje. En wylst ik dat programma seach, wie ik bliid dat ik dêr net wenne mar striemin op de bank yn Warten lei. Dan mar gjin personal assistant, jou my mar in skûtsjeskipper.

Ik ha der gewoan neat mei, mei dat oerflakkige gedoch. Ik begryp eins ek net hoe’t sokke minsken troch de tiid skarrelje en sa wurden binne. Sa nep en oerdreaun, mar sy sille wol net dea yn Fryslân fûn wurde wolle. Dochs ha ‘k noch al wat wichtichs leard nei it sjen fan dat programma … As je gûle moatte mar dat net wolle, dan moatte je de boarsten op en del goaie. Dat skynt te helpen mar lokkich moast ik, foardat it echt om te janken wie, de sop opsette en doe wie ’k de ôftsânsbetsjinning kwyt en hawwe wy nei it jeugdsjoernaal sjoen.

Real housewives? Lit my net laitsje! It iennichste dat echt is, is datst yn sa’n jurk echt net stofsûgje kinst!