Fjoerwurk

famke

It wie juster sok moai waar en ik wie mei de hunen derút. Ik rûn gesellich mei in doarpsgenoat krekt bûten it doarp en sy hie de hunen ek mei. Ynienen hearden wy in knal en we skrokken ús dea. Hunen bang en trilje mar lokkich bleau it by de skrik. Fjoerwurk, no al. Sa ek by freonen fan ús yn in oar doarp mar har hûn giet fannemiddei nei it krematoarium.

Se helle justermiddei de bern fan skoalle en de hunen wiene yn ‘e tún achter it stek. Skoalle is tichtby en doe’t se der wie, hearde se it. Se gong as de bliksem nei hûs, mar ien hûn wie oer it stek sprongen en útnaaid yn bline panyk. It die bliken dat se midden yn it doarp yn de fuotbalkoai mei in karbidkanon oan it sjitten wiene. Se hawwe mei man en macht om de hûn socht en sy is fjouwer kilometer fierderop fûn. Oanrieden en op slach dea. De man dy’t har deariden hie, koe it earme bist net mear ûntwike, sa nuver fleach se oer de dyk.

Fannewike lies ik in stik oer in frou mei in helphûn dy ’t ek amper mear nei bûten doarde omdat yn har stêd ek al fjoerwurk ôfsketten waard. Se is hiel ôfhinklik fan har hûn mar troch alle sjitterij wie se bang dat der miskien eat slims barre soe en se koe beslist net sûnder har hûn.

Ik ha ek bern dy ’t sljocht binne op fjoerwurk. Ik begryp it earne ek noch wol dat guon bern no al fjoerwurk ôfstekke omdat se tinke dat it hast desimber. Alles yn desimber krijt hieltyd betider oandacht, gjin wûnder dat se der hielendal gek fan wurde. In kweajongesstreek is ek fan alle tiden en dy fan my binne ek net hillich.

De ‘bern’ mei it karbidkanon wiene al in jier as 19/20, dan meie jo dochs wol wat mear ferstân en fatsoen ferwachtsje. Mar doe’t ús fertrietlike en lilke freondinne ferhaal helje soe, funen se ek noch dat it har eigen skuld wie want it stek wie te leech. Plysje derby, jonkje oerstjoer en de oare hûn moat syn maat ek misse.

As bisten bang foar fjoerwurk binne en je witte dat, dan kinst op ‘e tiid mei pillen begjinne mar noch net yn novimber en kinst ek net fan novimber ôf de bisten al yn ‘e hûs hâlde. As it sa trochgiet sille se it fjoerwurk dochs úteinlik wol in kear ferbiede en nei dit fertrietlike ferhaal fyn ’k it op dit momint ek wol prima.