It Geloksbern

it geloksbern def
En jawol! Freed komt myn nijste boek út, It Geloksbern. It tredde en lêste diel fan de Frisum-Trilogy. It is wer in oar boek as De twadde hûd en Flammen. Dêr’t de ien it earste boek altyd noch it moaist fynt, fynt de oar it lêste wer it moaist. Omdat it wer mear djipgong hat en je de minsken noch better kennen leare.

De Twadde Hûd is, tink ik, de rûchste fan ‘e trije. Yn dat boek binne de measte minsken frustrearre en dat jout in soad wriuwing en argewaasje. Elske is frustrearre omdat har biologyske klok tikket en se net mei Sjoerd noch in bern krije kin omdat hy ûnfruchtber is. Ut frustraasje frijt se mei Gerke, in âlde maat fan Sjoerd, miskien sjit hy yn ‘e roas. Gerke wurdt fereale op Elske, mar sy net op him, dat hy is ek net bliid. Betty Blubber, de lellebel fan it doarp, doart har net op it doarpsfeest sjen te litten omdat sy de skuld derfan krijt dat der in soa hearsket yn Frisum. En oer it doarpsfeest sprutsen, dêr moetet Elske har flam fan eartiids, Ronny. Hy stie altyd by de sweef. Se hat him 20 jier net sjoen en hy is werom foar har, en syn soan mei har dochter wol lije. Dêr is Sjoerd fansels net bliid mei, hy wol Elske net kwyt. En ja, sa’n doarpsfeest … drank, wille, feest, alle remmen geane los en alle frustraasjes komme nei foarren, dus naait it der betiden út.

Yn Flammen giet it ferhaal fierder en komme wy mear te witten oer Betty. It is net in raar famke en se hat hiel wat meimakke yn har jeugd. Se hat wenne op ‘e Frisumastate, se is fan adel, mar wol der neat mear mei te krijen ha. Se rekket ferwikkele yn in aparte sitewaasje as se nei in freeslike konfrontaasje beslút in bern te ‘meitsjen’ mei Grytsen. Hy hat in relaasje mei Ytsen en Grytsen wol graach heit wurde. It liket te slagjen en úteinlik wurdt it akseptearre yn it doarp, mar it rint dochs wer oars en Betty nimt in hiel dramatysk beslút dêr’t guon lêzers de triennen by yn ‘e eagen hiene (ha se my ferteld).

It Geloksbern pakt it ferhaal fan Betty wer op. Mar se is net mear de Betty dy’t se wie yn it earste boek en de oare persoanaazjes hawwe alles yntusken wer aardich op ‘e rit, útsein Hindrik, mar hy besiket al wat romantysker te wurden. Hindrik hat mar ien doel en dat is ‘blubberje’ en dan it leafste mei Betty. Hy hat har yn Flammen in kloatestreek levere en dêr hat er spyt fan, dat hy besiket har werom te krijen. Mar Betty is eins fereale op Evert, de broer fan Ronny. Mar sa maklik as se altyd mei oare mannen it nêst yndûkte, sa dreech fynt se it om Evert dúdlik te meitsjen wat se foar him fielt en se wurdt der ûnseker fan. En dêr komt by, se is slim ferwûne en dêr hat se noch in soad lêst fan. Se skammet har en se kin net mear wurkje. Betty is ek mem wurden en dat hat har feroare. Se wol graach in fetsoenlike frou wêze, mar dochs komt se wer yn ‘e ferlieding as se tegearre mei Hindrik in konsert fan De Hûnekop organisearje sil. Want Hindrik is hiel oertsjûgjend en Emiel hat de moaiste eagen dy’t se ea sjoen hat!

Ik fyn it sels wer hiel spannend en bin benijd nei de reaksjes fan de lêzers. Ik ha mei it lêste boek mear meilêzers hân as oars en allegear fine se wat oars. Dêr’t de ien fynt dat de sekssênes te rûch binne, fynt de oar it wol tafallen. Dêr’t de ien de rûge styl fan De Twadde Hûd noch altyd it moaiste fynt, fynt de oar de djipgong en de romantyk yn It Geloksbern wer oansprekkender. Mar hoe dan ek, it boek is klear en fan 6 septimber ôf te keap!