Nuggy

foto (13)-001
Trije jier lyn siet in hin te brieden en doe’t ik efkes yn it hinnehok sjen soe, hearde ik bûten in lûd piipjen. Der wie in pykje út in aai kommen en dat lei hielendal allinnich yn it strie en it like wol as wie it noch net ôf. Stienkâld, wiet, eagen ticht, it koe net stean mar wol in soad libben meitsje. Ik soe it ûnder de hin dwaan, mar dy hoegde it net.
Dat ik rûn mei it sneue pykje op ’e hân nei hûs en liet it oan Jelle sjen. ‘Goai dy mar yn ’e kontener, dat wurdt neat,’ sei er. Mar, eigenwiis as ik bin, hie ik wol it gefoel dat it goed komme soe omdat der sa’n power yn dat bist siet. Ik hie noch in leech guozzeaai, dat hie ik bewarre foar miskien ris in peaskestikje of sa en dêr ha ’k him yntreaun. Dat ha ’k mei plakbân fêstplakt en ik ha him yn ’e tsjettel dien mei hea en in krúk. Dêryn binne al hiel wat pykjes grut wurden.
De oare deis libbe er noch en hy wie sels út it aai kommen. Hy wie opdroege, mar de eagjes wiene noch ticht en hy koe noch net stean of rinne. Ik ha him wat aaigiel yn it bekje dien en wetter en wûnder boppe wûnder kaam it hielendal goed. Hy krige de namme Nuggy.
Nei in pear dagen koe er yn in koai op ’e tafel, mei in sachte knuffel en in krúk en hy iet goed. Ik ha de hûnen en katten leard net oan him te kommen sadat er ek ris los op ’e grûn koe. Jûns kaam er by ús yn ’e keamer en sprong er ek op ’e bank, of op skurte, dat hy wie sa nuet as wat. Hy groeide as koal en de koai wie ek samar te lyts. Ik hie him sa no en dan wolris by de oare hinnen, mar dy akseptearren him noch net en hy wie der bang foar. As we bûten wiene, rûn er my alles achteroan, dat doe ha we him yn in bench dien, yn ’e keuken. Dêr koe in stok yn en sa hie er wer in bêst plak. It waard in joekel fan in hoanne, in Brahma en it begûn te stjonken yn ’e hûs. As er los wie, skiet er alles derûnder, dat it moast eins al oars. Ik besleat om him te hâlden en om de oare hinnen fuort te dwaan. Ik ha in hiel bêst plakje foar se fûn, dêr’t se op in kampke lân wol âld wurde koene en ik kocht fjouwer nije hinnepiken foar Nuggy.

No koe er ferhûzje nei it hinnehok, by de hynders en al gau siet er altyd yn ’e stâl en noait by de hinnen. Deis skarrelen se los yn ’e tún, mar sadra’t de doar iepen wie, kaam er yn ’e hûs en lei er yn ‘e hûnekoer. Hy snapte der neat fan, siet op in blompot te joeien ynstee fan op in hin en op in dei fleach er my oan en pikte er my yn ’e fuotten. Hy waard der net geselliger op en op it lêst wie net ien mear feilich foar him. Hy stie op ’e nominaasje foar in spuit, want der is neat minder as in gemiene hoanne, mar dochs hie ik it idee dat it miskien ek wol goedkomme soe en dat er mei ús de pikoarde hie ynstee fan mei syn soartgenoaten. Hy tocht fansels dat wy dat wiene en hy soe wol yn in soarte fan pubertiid sitte en neffens my hie er in swier identiteitsprobleem. Eltsenien wie bang foar him, mar ast him stiest dan die er neat. Us Teunis sjoude mei him om as wie it in bern, mar de oaren raasden alles by elkoar as se him seagen en dan kaam er der mei gong oandraven en wie er sa gek as in sint. Him in skop jaan, woe ek wol helpe en úteinlik is it goed kommen en gedroech er him wer reedlik. Sa no en dan kin er noch wolris fel wêze, bygelyks as ik nije skuon oan ha. Dan sjocht er earst net dat ik it bin.
Hy waard hoe langer hoe mear in echte hoanne. Hy siet no jûns ek by syn harem yn it hok en de blompot die net langer tsjinst. It iennichste frjemde wat der noch gauris bart is dat er fjochtet mei Azra, de Leonberger. Sy hie altyd wol respekt foar him en rûn it leafste mei in bôge om him hinne, oant se der in kear sa flau fan wie en de konfrontaasje mei him oangie. Hy begjint altyd sels en dan krijt Azra him yn ’e bek en rôlet er in pear kear oer de grûn om dêrnei wer parmantich fuort te rinnen. Azra hat dan de bek fol fearren en dit spektakel meitsje wy sawat alle dagen mei. As er yn ’e hûs komme kin, sit er drekt wer yn ’e koer en fret er de hûnebrokken op. Hy is noch wol nuet en it is myn maat. As ik yn ’e tún bin, skarrelet er altyd om my hinne, ik kin hearre oft er bliid is, ik sjoch oft er de hûn pakke wol en hy harket nei my as ik him rop. Bêst leuk, sa’n maffe hoanne, al mei er fan Rixt wol op ’e barbeque want sy hat it noch altyd net op him stean.