Suertsjes en sûplappen

Ik fyn dat der tefolle sûpt wurdt yn dit lân mar dat is neat nijs, dat fyn ik al jierren. Dochs liket it alle jierren wer slimmer te wurden. En net allinnich troch de jeugd, folwoeksenen kinne der ek wat fan. Ik tink dat der in hiel soad stille alkoholisten binne, dy’t miskien wol noait yn in kroech komme. Se drinke thús en foar in flesse wyn draaie se de hân net om.

No bin ik ek wol hiel deeglik, ik drink eins noait. Ik fyn it net lekker en it kin my net boeie. Ik ha ien kear dronken west doe’t ik 17 wie en doe wie ik sa beroerd, ik ha it noait mear dien. Mar doe al waard ik alle wiken útmakke foar suertsje en no’t ik hast 43 jier bin, is dat noch sa. As je net drinke, hearre je der yn ‘e eagen fan in hiel soad minsken net by mar ik ha der net in tel wekker fan lein en sy grif al yn harren eigen koarre.

En no op facebook … de nominaasjes. It is sa grappich. It is ek sa’n goed foarbyld foar ús jeugd dy ’t foar de safolste kear ûnder eagen krijt dat sûpen leuk is. Miskien soe ’k de humor der noch fan ynsjen kinne as it allinnich om jongelju en studinten giet, mar hjir dogge ek heiten en memmen oan mei … mar ik bin in suertsje. Ik begryp bêst dat in drankje op ’e tiid lekker wêze kin. Gesellich, ûntspannend en ik ferbied it myn bern ek net. Us âldste spuit der ek net yn, de dochter fynt Radler lekker, myn man is fan fan Beerenburg en dy fan 14 sil stikem ek wolris wat priuwe. Us jongste mei noch net iens cola, dus dat sil noch wol wat tafalle. Ik fyn it prima as dy bern op in stuit ris in drankje krije allinnich leaver net te betiid. Mar wachtsje oant je 18e jier fyn ik ek wer net normaal.

Wannear moat it wêze, wannear wolle je op stap en binne je net te hâlden? It liket my sa ta fan in jier as 14 ôf oant je 17e? De measten hawwe it mei harren 18e of 19e wol besjoen en dan is de disko net sa oantreklik mear. Dan wurde de kroegen leuker en wurdt it praat oars. Is de ferkearing dik oan of sitte je drok yn de stúdzje. Ik begryp dan ek hielendal neat fan dy Nix regel. Tefolle sûpe is net goed, mar sa lang ferbiede liket my hielendal net in oplossing. En dat je as âlder net iens mear in krat bier helje kinne as je bern mei binne om boadskippen is ek net bêst. De rokerij sa lang ferbiede is noch oan dêroan ta, mar bern sa lang wachtsje litte oant se op stap kinne is de deastek foar de horeka en wurket de yllegale sûpketen allinnich mar mear yn ‘e hân.

It iennichste drankje dat ik eartiids lekker fûn, wie bessen 7-up. Mar dêrom gong ik net op stap. Ik woe dûnsje en gewoan in gesellige jûn ha mei myn freonen. Je moasten der dochs net oan tinke om thús te bliuwen? Dat diene allinnich âlde minsken. Ik bin hiel benijd hoe’t it komt mei de nije regel, mar it liket my in regel fan nix. Je moatte neffens my leare dat je ferantwurdlik binne foar je eigen libben en sûnens. Je eigen grinzen kennen leare en dan soe it moai wêze dat je op it lêst ferstannige dingen dogge. De iene kear sil dat better slagje as de oare kear, mar troch skande wurde der in protte wiis …

Mar oan dizze wurden begjin ik no al wer te twiveljen as ik de safolste nominaasje tsjinkom.