Sutelaksje 9/11

sutelgroep
Wy hawwe sutele! No sa! In ludike aksje dy’t ûnstien is op facebook en ynstee fan noch langer deroer te eameljen, hawwe wy mei in groep entusjaste minsken trochpakt en we hawwe it gewoan dien! Foar de minsken dy’t net witte wêr’t dit oer giet, mei de sutelaksje gongen skriuwers en frijwilligers mei kroaden fol Fryske boeken sa’n 40 jier lang lâns de doarren en op dizze wize hawwe se in soad boeken ferkocht. Yn 2009 is it ôfskaft en dêrnei hat der net wer sa’n goed inisjatyf west. Ik ha der as skriuwer dan ek noait wat oan hân, mar ha hjoed meimakke hoe’t it wêze kin.

Us akjegroep, besteande út Martsje de Jong, Daam de Vries, Willem Schoorstra, Ferdinand de Jong, Rommert Tjeerdsma, Jacob Stelwagen en mysels hawwe twa kear fergadere en doe hiene we it measte rûn. Der soe sutele wurde yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum en dat kaam moai út omdat Martsje, Daam en Jacob yn Bitgum wenje. Sadwaande hiene wy samar in bulte frijwilligers dy’t ús geweldich holpen ha. Liters earte hawwe se sean, kroaden regele, kisten foar de boeken, it doarpshûs hiene we ta ús beskikking en fansels hawwe se meirûn mei de tritich! skriuwers dy’t der ek bywiene. Allegear entûsjast en wat wie it gesellich in ‘Ons Huis’. Piter Wilkens hat foar ús songen en lokkich wie it droech doe’t we sutelen.
Ik soe yn Ingelum sutelje en myn sutelmaat wie in ûnbekende foar my. It die al gau bliken dat wy it tige goed fine koene. De kroaden stiene klear by de mem fan Daam en wy gongen op paad. Spitigernôch wiene der in soad minsken net thús, mar wiene se al thús, dan kochten se ek wol wat. In boek, in bûsboekje, in kalinder en sa reitsje jo samar wer oan ’e praat mei poerfrjemden oer Fryske boeken. Dat is moai, dan libbet it. Doe’t we klear wiene mei de rûte, brochten we de kroade werom en hie de mem fan Daam de tee klear.

Ik fûn it in bysûndere dei. Mei-inoar de skouders earne ûnder sette sûnder te seuren is weardefol en je leare wer allegear leuke minsken kennen. Der ûntsteane moaie petearen en de krêft fan sa’n dei is grut. Allegear mei itselde doel op paad mei safolle nocht en wille lit sjen dat Fryske boeken in takomst ha. Fryske boeken ferbine de Friezen mei harren taal, meitsje de minsken ta in mienskip. En we hawwe foar sa’n €4500,- oan boeken ferkocht yn in pear oeren tiid.