Topfroulju

Der is ferlet fan topfroulju. Fine de topfroulju dy’t dêr in boek oer skriuwe. Froulju seure tefolle, binne te ûnseker en benutsje har talinten net, of net op de goede manier. In topfrou is gjin húsfrou en wurket net parttime, want dan kinne je noait in fatsoenlike karriêre opbouwe. En ôfhinklik wêze is noch slimmer as deagean. Nee, se wurkje sa’n sechstich oeren yn ’e wike, rinne op hege hakken, ik tink Louboutins en hawwe in mantelpakje oan. Se ergerje har oan de memmen op it skoalplein dy’t appeltaarten bakke as de bern jierdei binne en se fine dat se folle minder drokte hawwe as it om de opfieding fan bern en de kombinaasje bern/wurkjen giet as ‘gewoane’ froulju. Tenminsten, sa stiet it yn ’e krante en sa sjogge je it op ‘e tillevyzje. Der moatte mear froulju it leafst mei de kop troch it glêzen plafon omdat de wrâld noch altyd oerweagjend regeard wurdt troch manlju.

Tsja… Dêr sitte je dan as húsfrou-skriuwster en mem fan fjouwer bern, dy’t (sûkerfrije) appeltaarten bakt en har eigen bern grutbringt. Ik kin it my wol yntinke dat in topfrou minder drokte hat fan de bern en de húshâlding, want as je der noait binne en dat stik ferantwurdlikheid by in oar dellizze, bygelyks de nanny, dat skeelt yndied in protte tiid. Mar goed, dat is in kar en lokkich binne je meastal frij om te kiezen, útsein de bern dan, want dy ha der net om frege om berne te wurden. Ik kin wol respekt opbringe foar sa’n frou dy’t der hielendal foar giet. Ik leau echt dat se hurd wurkje en it sil ek net altyd maklik wêze om je steande te hâlden yn it sakelibben tusken al dy keardels. Ik fyn it ek knap dat je sa faak fan hûs wêze kinne en der altyd like kreas útsjogge. As ik in oere op hakken rin, bin ik stikken. Ik bin gjin finânsjeel wûnder, ik ha dan wol myn HBO-diploma, mar gjin universitêre stúdzje, neffens my ha ik in normaal IQ en 80 persint fan wat ik leard ha, bin ik wer ferjitten dus it is mar goed dat ik gjin advokaat wurden bin.

Mar persoanlik wurd ik al in bytsje beroerd fan dizze diskusje. It giet noait om, bygelyks, in helpferlienend berop as ferpleechster of immen dy’t by de thússoarch wurket. It giet noait oer kapsters, kassjêres, boerinnen of blommeferkeapsters, it giet altyd oer topbanen mei topsalarissen en ik fyn dat net in goede wjerspegeling fan de werklikheid. Net alle froulju kinne of wolle dat, krekt likegoed net as alle manlju president wurde kinne of trener fan in fuotbalklub. Net iens minsk is gelyk, net ien gesinssituaasje is gelyk en ik fyn dat it ek in ferkeard boadskip ôfjout oan de famkes dy’t noch op de springplanke stean om it folwoeksen libben yn te dûken. Want net alles draait om jild en macht. It is fansels prachtich as je de ambysje hawwe om troch it glêzen plafon te gean en dat ek noch wiermeitsje kinne, mar dat is net foar eltsenien fuortlein. Der binne ek froulju dy’t mei nocht dat glêzen plafon himmelje en dy binne ek fan wearde yn de maatskippij. Sels ken ik net ien topfrou. Ik ken yn myn omkriten en famylje- en freonekring in hiele soad topfroulju! Se rinne net op Louboutins, en in mantelpakje is alhiel net praktysk, mar se hawwe allegear ien ding gemien: se dogge stjonkend har bêst om alles yn goede banen te lieden! De froulju dy’t bûtendoarren wurkje besykje it sa te dwaan dat der genôch tiid oerbliuwt foar it gesin en dêrneist dogge se frijwilligerswurk op skoalle of earne oars. Sosjale, leave en waarme froulju op klompen, yn in spikerbroek, op gympies of moaie learzen ûnder in jurk… Dat wol net sizze dat it altyd maklik is en it kostet faak in soad enerzjy. Mar it giet om de yntinsje en dy is mear as goed. Dy is TOP!