Trendsetter

No hie ik dus besletten om in tûke tillefoan oan te skaffen sadat ik appe kin en mear facebooke as ik ûnderweis bin mei foto’s en filmkes en wit ik wat allegear mear. Ik ha no in hiele moaie, lytse rôze Samsung dy’tst tichtklappe kinst. Mei echte toetsen en hy is al sa faak fallen, mar der mankearret him neat. It toetseboerd is al ris út himsels opsetten kaam sadat ik him net mear tichtklappe koe, mar dat is ek fansels wer oergien doe’t ik der mei in nudle in pear gatsjes yn pript ha.

Ik brûkte him noait safolle, mar de lêste tiid hieltyd mear. En appe is fergees, sms’e net. Belje is út ‘e tiid en je moatte berikber bliuwe, hjoed de dei. Hoe’t ús generaasje it oerlibbe hat, is my hieltyd faker in riedsel mar dochs ha ik in moaie jeugd hân, kaam ik altyd thús en stiene wy op ‘e brêge te socializen ynstee fan achter de pc. Mar omdat myn abonnemint net mear handich en te djoer wie, ha ’k in Samsung mini s 4 besteld. En krekt dy dei stie yn ‘e krante dat smartphones út binne en de groep minsken dy’t wer oergean op in gewoane tillefoan hieltyd grutter wurdt. Facebooke is aanst net mear yn, de bliebkes en it konstante skerp wêzen is net mear leuk en der bestiet ek al sokssawat as in app rsi.

Ik bin net fan doel om altyd en ivich mei myn nije tûke tillefoan oan ‘e gong te wêzen. No is it sa dat as ik fuort bin, ik fuort bin. Dan kin ik gjin mail lêze, net facebooke en sokssawat. En dat befâlt my prima. Ik hoopje dat ik aanst al sa tûk bin dat ik dy tillefoan begryp en oars ha ik fjouwer bern dy’t my der grif mei helpe kinne. Mar úteinlik ha ik dus no noch in tillefoan dy’t aanst wer hip is. Eartiids hie ik altyd in lange flecht yn it hier, dat is no ek wer hielendal yn … miskien bin ik wol gewoan in trendsetter, mar bin ik elke kear te betiid. Yn dat gefal wurdt de tûke tillefoan fansels wer hip en facebook ik fleurich fierder.