Waarpraat

Ik fyn dit dochs sa’n moaie tiid fan it jier, foaral mei it waar fan de lêste wiken! As je moarns wekker wurde, dan witte je dat it wer in moaie dei wurdt, de sinne skynt, de wask droeget bûten, de bern ha moai waar om te fytsen en it lân is droech sadat de hynders der noch altyd yn kinne. Dat wie it ferline jier wol oars, doe wie it wiet, smoarch, suterich en kâld. Doe binne we ferklomme en ferreind op ‘e boekemerk yn Drachten. No ha ’k de winterjas noch mar amper oan hân.

Ik sjoch suver tsjin de winter oan. Fansels is in strange winter prachtich mei snie en iis en mei it útsicht op in alvestêdetocht. Fryslân is echt Fryslân mei winterwaar en dan binne alle minsken fleurich. De ôfrûne winter wie ek bêst genôch, mar wol skier. We hawwe net in soad sinne sjoen en it duorre in ivichheid foar’t it foarjier einlings begûn en dan bin ik der op it lêst sjegrinich fan. Tsjin ‘e kjeld kinst dy klaaie, as de houtkachel oan is, is it smûk yn ‘e hûs, mar as it fan moarns betiid oant jûns let tsjuster is dan ha ik gau myn nocht.
Ferline wike hiene we om tsien oere de achterdoar noch iepen mei de hordoar ticht. Moarns is de winterjas wol noflik foar de bern op ‘e fyts, mar middeis te hyt. Myn hynders sitte ek al wer aardich yn ‘e winterfacht, dat foar harren is it betiden ek te waarm en dan switte se deroer. Mar ik fyn it hearlik, om my bliuwt it sa. Ik hoopje dat we oergean nei in echte winter en dat we dan moai op ‘e tiid wer foarjier krije. Dan heart net ien my seuren.

Mar no skynt it bard te wêzen mei de moaie dagen. We krije hurde wyn, rein en kjeld. Ik sit achter de pc en sjoch huverich nei bûten… it reint. Dat kloatewaar ek altyd. Sneon de winterjas mar wer oan nei de boekemerk yn Drachten.