De Jonge Jan, de Poep en de Sytema’s

De Jonge Jan is in legindarysk skûtsje, boud yn 1911 op de werf ‘De Piip’ yn Drachten fan de gebr. Roorda. It boek beskriuwt de skiednis fan De Jonge Jan fan de Sytema’s ôf, dy’t it skip bouwe lieten, de gloarjetiid mei alle wedstriden en prizen, de ûndergong en de persoanlike drama’s oantemei it weromkommen oan ‘e top by de IFKS mei skipper Jelle Talsma.
Dit prachtige, boeiende en betiden oandwaanlike ferhaal is opskreaun troch Klaas Jansma. Klaas Meeter en Hilda Talsma hawwe foar dit boek in hiel soad ynformaasje boppe wetter krigen en Hilda hat it lêste haadstik skreaun.