Blog @fr

Flechtelingen

de-toan-fan

Wy hawwe in soad om tankber foar te wêzen. We libje in hiele moaie provinsje, de measte minsken binne leuk, sosjaal en begien mei elkoar. Der is romte genôch, iten, wetter, goede huzen en gjin oarloch. Op guon plakken yn ‘e wrâld giet it der wol oars oan ta. Geweld, bombardeminten, oanslagen, deaden en in soad illinde binne dan oan ‘e oarder fan ‘e dei. Elkoar net fertouwe kinne , dakleas, kjeld, honger en pine meitsje it libben ûndraachlik en swier.

Faak wurde der aksjes op tou setten om oaren te helpen. Meastentiids bestiet de help dan út it jaan fan jild mar mei de negative publisiteit oer guon ynstânsjes en sjoen wat de hearen direkteuren dêr fertsjinje, fertrou ik lang net alles mear. Ik sis dan ek wol gauris ‘nee’, as se freegje om jild. Ik bin dêr in stik kritysker yn wurden.

Ik besykje op myn eigen manier myn bêst te dwaan. Sa bin ik hiel begien mei bisten. Dêrom hawwe wy opfanghunen en –katten en ha ik jierren mei de kollektebus fan de dierebeskerming rûn. Eartiids hawwe wy it der wol oer hân om pleechâlders te wurden want de omstannichheden dêr’t guon bern yn sitte, begruttet je ek ta de teannen út. Mar mei ús eigen bern en gjin sliepkeamer mear oer is dêr neat fan telâne kommen. We stypje noch wol ferskate goede doelen en ik tekenje faak in petysje.

Je jouwe jild en in oar docht dêr wat mei. It is in manier mar hiel konkreet is it net. Dochs hat ús werf, yn gearwurking mei oare ûndernimmers, der fan’t jier al hiel konkreet foar soarge dat in ferskuorde húshâlding wer herienige waard nei in jier as trije. Yn ferbân mei in nij wurkgelegenheidsprojekt hie de gemeente in flechteling op it skûtsje ‘Doarp Grou’ setten. Dat skip wurdt restaurearre en dizze man wenne hjir al in pear jier mar syn frou en trije bern sieten noch yn in flechtelingekamp yn Afrika.

Se bellen út en troch wol mei elkoar mar de frou hie malaria en wie slim siik. It wie net de earste kear en hy siet freeslik oer yn syn bern yn want se wiene noch mar sa jong. Doe hat Jelle der mei ferskate wurknimmers foar soarge dat syn frou en bern hjir fan’t simmer kommen binne. Flechtelingen… je hearre der alle dagen wol wat oer mar faak stiet it dochs noch fier fan je ôf. Dizze man krige in gesicht. Hy die syn bêst, wie aardich, hie in yndrukwekkend ferhaal en in hiele protte soargen.

It hat wol de nedige muoite, tiid en geduld kostte mar it is slagge! De fleantickets binne betelle troch de werf en oare ûndernimmers. De boekhâlder hat de famylje ophelle fan Skiphol wylst de projektlieder foar luchtbêden soarge en ik troch de winkel fleach om bêdeguod. Se hawwe in pear dagen yn it lytse húske fan de heit wenne en doe’t de famylje oergien wie nei it AZC yn Drachten, hawwe wy dêr op besite west.

De mem wie stil en ferlegen mar de bern wiene fleurich en laken strieljend. Ien fan de famkes koe al fytse en it lytse jonkje hie noch noait blanke minsken sjoen, útsein de paspoppen dy’t se yn Afrika wol yn ‘e winkels hiene. Hy fûn it mar nuver dat dy poppen ek fytse en rinne koene. Sûnt in pear wiken wenje se yn har eigen hûs en kinne se nei al dy jierren einlings wer in gesinslibben mei elkoar opbouwe.

As je it dan oer in krystgedachte hawwe, dan fyn ik dit wol in hiele moaie. Noflike krystdagen!

Foarlêze

voorleesdagen2016

We sitte wer yn ‘e nasjonale foarlêsdagen want foarlêze is leuk! It is sa wichtich en goed foar de bern. As je it net dogge soene se ek noch tinke kinne dat je net in goede heit of mem binne dus as je dan bern hawwe dy’t dúdlik oanjouwe der gjin barst oan te finen dan hawwe je dochs wol in probleem.

Dat hiene wy dus ek. De âldste twa hawwe wy in soad foarlêzen en se hawwe letter sels ek noch in protte lêzen. Mar der kamen noch twa by en it foarlêzen waard in desyllúzje. Se makken fan it begjin ôf dúdlik dat in boek net har ding wie of der moasten gewoan plaatsjes fan kranen en auto’s yn stean. We hawwe de jonges wol op ‘e bank slepe moatten mar it waard altyd wer in drama. En omdat se op skoalle achter rûnen mei it lêzen moasten wy thús oefenje en ek dat wie in drama.

Ik ha sa faak mei de jonges nei de boekhannel west en dan mochten se in boekje útsykje. Dat diene se wol mar dat kaam noait wer út ‘e kast wei. Se hawwe jierren lang in boek op Sinteklaas krigen mar noait in side omslein. We binne der op in bepaald momint mar mei opholden en ik ha op skoalle sein dat it oefenjen thús gjin súkses wie. Bern dy’t neat oan boeken en lêzen fine en op skoalle achter rinne neffens de noarm, MOATTE lêze. It nivo moat omheech, it tempo is te leech mar leuk is it net en sa wurdt in boek in fijân.

Wy binne doe begûn mei foarlês cd’s en dat wie al in súkses. Sa hawwe se dochs moaie ferhalen te hearren krigen dêr’t se hearlik by yn sliep falle koene. Letter die bliken dat se beide dyslektysk binne mar dat wisten wy net doe’t se lytser wiene. No hat ien fan ús jonges in Davistraining hân wêrtoch’t er sels ek mear ynsicht krigen hat en it hat my ek mear dúdlikheid jûn.

Hie ’k it oerdwaan kinnen dan hie ‘k it oars dien. Earder myn eigen gefoel folgje en ophâlde te driuwen oer dat lêzen. Thús mar ek op skoalle. Uteinlik leare se it wol mar yn har eigen tempo. De wille fan it lêzen is der absolút net en dat fyn ik hiel spitich.

Azra

Foto's Ipad Hilda

Ik ha myn hiele libben al gek west mei bisten en wy hawwe altyd hunen hân. As bern al en doe’t wy yn Warten kamen te wenjen krigen wy in stabij, Bouke. In hiele leave hûn dêr’t ik alris in blog oer skreaun ha.

Mar ik woe ek sa graach nochris in Leonberger ha en doe’t ik by hiele aardige minsken om in knyn kaam, die bliken dat sy in Leonberger hiene dêr’t se mei fokke woene. Sadwaande is Azra yn ús libben kommen. In skattige pup, it wie krekt in bearke en se hat in hiele goede opfieding krigen fan Bouke. Hy lústere goed, dus Azra ek. Mar Bouke skoaide noait en Azra wol. Se wie gek op appels en siet altyd op it klokhús te wachtsjen.

Se waard grutter en grutter en it leafste lei se by dy op ‘e skoat of langút op de bank. It wie in skât fan in hûn, leaf foar de bern mar ek foar de oare bisten. Sa hawwe wy ris twa lytse poeskes yn ‘e berm fûn dêr’t se hiel goed op past hat. Us wouterke Bessie miende dat Azra har mem wie en lei altyd stiif tsjin har oan. We hawwe troch de jierren hinne ek ferskate lytse pykjes grutbrocht mar se hat noait myn fertrouwen beskamme.

Sûnt in jier hie se in groanyske ûntstekking oan har poat en de bistedokter hat doe twa teannen amputearje moatten. Se knapte wol wat op mar sadree’t we opholden mei de medisinen, krige se it wer. We hawwe fanalles besocht mar it waard allinnich mar minder en de lêste wiken gong se hiel hurd achterút. Dan komt der in momint dat je in dreech beslút nimme moatte. En se wie al 11 jier, foar sa’n grutte hûn in hiele âldens. We hawwe har thús ynsliepe litten. Se lei op har eigen kleed en ik siet neist har.

Ik mis har mar ik bin foaral tankber dat se salang by ús west hat! Azra wie mear as in hûn. Se wie ien en al leafde en ús grutte freondinne.

Gewoane mem

mem

Der stie fan’t wykein in stik yn ‘e krante oer de ‘ontploetermoeders’ dy’t in boek skreaun hawwe oer opfieden en dan foaral mei in soad humor. In skoftsje lyn seach ik eat op ‘e tillevyzje en dat gong wer oer in oar slach memmen. Dat wie in talkshow oer de striid tusken de ‘perfecte moeders’ en de ‘ontaarde moeders’. Se hawwe ek noch eigen facebooksiden en op it ynternet fûn ik in list mei wol 14 soarten memmen:

1. DE TMI MAMA (TOO-MUCH-INFORMATION)
2. DE MIJN-KIND-IS-GEWELDIG MAMA
3. DE WEET-HET-ALTIJD-BETER MAMA
4. DE ECO-MAMA
5. DE INSTA-MAMA
6. DE WORKAHOLIC MAMA
7. DE CHAOS MAMA
8. DE ALTIJD-ALLES-OP-ORDE MAMA
9. DE PERFECTE MAMA
10. DE HIPSTER MAMA
11. DE ONZICHTBARE MAMA
12. DE MERKVERSLAAFDE MAMA
13. DE NIET-ZO-ORIGINELE MAMA
14. DE OVERBEZORGDE MAMA

Ik soe der noch graach ien oan tafoegje wolle, nammentlik de gewoane mem.

In mem dy’t wit dat as it in soadsje is, je gewoan werris in slach troch de keet moatte. In mem dy’t gewoan har gong giet en akseptearret dat it hawwen fan bern in soad drokte tewei bringt, alle dagen wer en jierren lang! Rint se al tsjin problemen oan, dan is it fijn dat der in hiele soad ynformaasje te finen is dêr’t grif wol eat tusken sit dat se brûke kin mar se lêst net alle boeken oer opfieden omdat se har meastal sels wol rêdt troch har sûne ferstân te brûken en gewoan har gefoel te folgjen.

En fansels hat se ek wol ris skjin har nocht mar se docht gewoan har bêst, krekt as generaasjes foar har ek diene. Memmen dy’t yn lytse huzen in protte bern grutbrochten sûnder pampers, waskmasjine, auto en Aldi en dy binne oer it algemien ek goed telâne kommen.

En fierder is se gewoan ferskuorrende wiis mei har bern.

Fjoerwurk

famke

It wie juster sok moai waar en ik wie mei de hunen derút. Ik rûn gesellich mei in doarpsgenoat krekt bûten it doarp en sy hie de hunen ek mei. Ynienen hearden wy in knal en we skrokken ús dea. Hunen bang en trilje mar lokkich bleau it by de skrik. Fjoerwurk, no al. Sa ek by freonen fan ús yn in oar doarp mar har hûn giet fannemiddei nei it krematoarium.

Se helle justermiddei de bern fan skoalle en de hunen wiene yn ‘e tún achter it stek. Skoalle is tichtby en doe’t se der wie, hearde se it. Se gong as de bliksem nei hûs, mar ien hûn wie oer it stek sprongen en útnaaid yn bline panyk. It die bliken dat se midden yn it doarp yn de fuotbalkoai mei in karbidkanon oan it sjitten wiene. Se hawwe mei man en macht om de hûn socht en sy is fjouwer kilometer fierderop fûn. Oanrieden en op slach dea. De man dy’t har deariden hie, koe it earme bist net mear ûntwike, sa nuver fleach se oer de dyk.

Fannewike lies ik in stik oer in frou mei in helphûn dy ’t ek amper mear nei bûten doarde omdat yn har stêd ek al fjoerwurk ôfsketten waard. Se is hiel ôfhinklik fan har hûn mar troch alle sjitterij wie se bang dat der miskien eat slims barre soe en se koe beslist net sûnder har hûn.

Ik ha ek bern dy ’t sljocht binne op fjoerwurk. Ik begryp it earne ek noch wol dat guon bern no al fjoerwurk ôfstekke omdat se tinke dat it hast desimber. Alles yn desimber krijt hieltyd betider oandacht, gjin wûnder dat se der hielendal gek fan wurde. In kweajongesstreek is ek fan alle tiden en dy fan my binne ek net hillich.

De ‘bern’ mei it karbidkanon wiene al in jier as 19/20, dan meie jo dochs wol wat mear ferstân en fatsoen ferwachtsje. Mar doe’t ús fertrietlike en lilke freondinne ferhaal helje soe, funen se ek noch dat it har eigen skuld wie want it stek wie te leech. Plysje derby, jonkje oerstjoer en de oare hûn moat syn maat ek misse.

As bisten bang foar fjoerwurk binne en je witte dat, dan kinst op ‘e tiid mei pillen begjinne mar noch net yn novimber en kinst ek net fan novimber ôf de bisten al yn ‘e hûs hâlde. As it sa trochgiet sille se it fjoerwurk dochs úteinlik wol in kear ferbiede en nei dit fertrietlike ferhaal fyn ’k it op dit momint ek wol prima.

Hoefbefangen

hilda en jutta

Justerjûn dr. Pol wer sjoen op National Geographic. Ik fyn dat altyd moaie tillevyzje mar justerjûn waard ik in bytsje beroerd. Hy makke in hynder ôf dat hoefbefangen wie. Baaske gûle, it wie nochal sneu. By hoefbefangenheid wurdt de ferbining tusken it hoefbien en de hoefskoech hiel min wêrtroch it hoefbien, dat normaal hinget, op de soal drukt en dan docht it rinnen hiel sear. It kin sa slim wêze dat it hoefbien troch de soal hinne komt.

Us Haflinger is groanysk hoefbefangen mar wy hawwe har al hast 13 jier. It is net maklik, foaral as je der sels neat fan begripe en je in hynder sjogge dat safolle pine hat. Mar wy hawwe it oant no ta oprêden, al kostet it in soad muoite en kin se mar beprekt gers ite mei de bekbân (muilkorf) om dêr’t in lyts gatsje yn sit.

Yn it gers sit in stof, fruktaan, en as dat te heech is wurdt ús hynder samar befangen as se tefolle yt. Se hat it ek wolris hân fan hea en kuil want dêr kin ek tefolle fruktaan yn sitte. Der bestiet in fruktaanyndeks dêr’t je op sjen kinne wannear’t it gefaarlik is en as je in hynder hawwe dat dêr gefoelich foar is dan hawwe je der bêst wol in probleem by.

Doe’t ús hynder it hiel slim hie, ha ik hoefskuon mei soaltsjes kocht en dat wie foar har de rêding. Ik wie der yntusken ek achterkommen dat ik har befangen kocht hie mar doe hie ze izers ûnder en wie it net te sjen. Troch de izers koe se wol normaal rinne omdat de druk net op de soal kaam. Ik hie der doe ek hielendal gjin ferstân fan mar ik sjoch it no drekt oan in hoef.

It probleem mei de izers wie dat se altyd los giene omdat se freeslik minne hoeven hie. Dêr komt ek by dat izers miskien wol de pine ûnderdrukke mar dêr is de kwaal net mei oer. Ik ha ferskate hoefsmeden hân, mar ha no in goede fûn dy’t har spesjale izers oanmjit en we hawwe it al jierren ûnder kontrôle. Foar har dwaan hat se no bêst goede hoeven sadat de neilen fan de izers ek wer sitten bliuwe. It leafste soe ‘k har op bleate fuotten hâlde, mar foar har wurket dit better.

Har hoeven sille in swak punt bliuwe en we moatte der altyd sa goed om tinke dat we op ‘e regel bliuwe. We ride net mear op har mar it is in fantastysk leaf selskiphynder. Der wurde regelmjittich hynders ôfmakke omdat se befangen binne want it duorret skoften foardat de hoef wer sterk is en guon minsken hawwe dêr gjin nocht yn of se hawwe der te min ferstân fan. Der hat ek wolris immen tsjin my sein dat ik har better mar nei de slachter bringe koe.

As’t sa’n hynder foar de sport hast, hast ek in probleem mar it baaske fan it hynder dat dr. Pol ôfmakke wie al âlder en it wie har lêste hynder. Sa te sjen wie it gewoan in selskiphynder dat ik fûn dit wol hiel koart troch de bocht.
Hoefbefangenheid is net samar wat en wa’t der mear oer lêze wol kin op dizze side sjen:

Skinny jeans

skinny mannen

Ik wie fannemoarn op ‘e strún foar de manlju by ús thús dy’t net fan winkeljen hâlde. Broeken stiene ek op ‘e list mar ik hie in probleem want skinny jeans foar mannen is no de moade. Der is amper mear in normale broek te krijen en ik moat earlik sizze, ik fyn dy strakke broeken werklik gjin gesicht!

Dat sei ik dus ek yn ‘e winkel en der stie in âldere man by dy’t krekt sa’n broek oanhie en it stie op fleanen. De trui der by yn, gjin kont yn ‘e broek en syn skonken diene my tinken oan it ferske fan kabouter Spillebeen. Mar de ferkeapster wie it net mei my iens want sels fûn se it prachtich en no koene we einlings ek ris model by de mannen sjen. Ik seach nochris nei it mantsje yn syn strakke broekje mar koe gjin model ûntdekke.

In pear wiken lyn wie ik yn ‘e Jack & Jones yn Ljouwert. In kreaze jonge holp my en it wie ek noch in echte Fries út ‘e wâlden. Mar de skinny jeans mei de piposkuon, it aparte burdsje en de strakke trui makken dat er der net echt manlik útseach. Mar foarút, hy wie jong, it is moade dat je kinne it ek noch hip neame, miskien. Sokke jonges hawwe faak ek noch wol in moai model en hy wurke yn in kleanwinkel… okee. Mar om no sa’n âld strúk yn sa’n broek te sjen… no nee.

Ik ha lokkich in pear moaie broeken fine kinnen mar ik ha se al in maat grutter kocht want de normale maten binne te strak. Net omdat se sa groeid binne mar omdat de moademinsken dat betinke. Ik freegje my op sokke mominten ôf wa’t dat binne en wêrom’t se fan manlju heale wiven meitsje wolle en ik soe graach adressen ha wolle fan winkels dêr’t se noch klean ferkeapje foar echte mannen.

1 2 3 7  nei boppe ta