Blog @fr

Doarp

Myn boeken geane oer it doarpke Frisum. In leaflik doarpke mei in tsjerke, in state, in kroech en ferskate aparte ynwenners. Dat fyn ik moai oan in doarp, de minsken en de sfear. Doch mar gewoan en op ‘e tiid gek genôch. De nijste tas is net wichtich en as je no al as net je hier kamd ha, it sil in oar in byt wêze.
It libben op in doarp is noch relatyf ienfâldich en gemoedlik. De sosjale kontrôle is grut, en in doarp leit eins altyd op it plattelân, dat je meitsje de seizoenen mei. Ik hâld fan de rook fan meand gers, jarre en it foarjier en ik fyn it moai dat de bern sa ek yn oanrekking komme mei de natoer, se witte net better. De bisten yn it lân, de fûgels yn ‘e beammen, kikkerts yn ‘e sleat, molke komt fan ’e ko en it lamke út in skiep.
Sadra’t it foarjier wurdt, spane de bern allegear wer bûten om. Fierljeppe, aaisykje, fiskje, knikkerje, fuotbalje, skelterride, skeelerje, hutten bouwe, farre, se fine fan alles út en binne allinnich thús mei it jûnsiten om dêrnei wer gau nei bûten te gean mei sûne reade wangen as gefolch.
Simmers hawwe wy it swimbad foar de doar en as it echt hiel moai waar is, dobberje se fan moarns betiid oant jûns let yn it wetter om. Us doarp, Warten, leit ek tichtby it prachtige natoergebiet De Alde Feanen. Dêr bist samar en it is foar de bern ek in aventoer om dêr om te farren yn al dy lytse sleatsjes. De toarnbeien en appels groeie yn it wyld en bist yn in hiele oare wrâld.

It iennichste neidiel fan Warten en omjouwing, fyn ik it bûtengebiet. Boarnsterhim is net in gemeente mei in lânskipsfisy, neffens my. Dêrst bygelyks op it Bilt en yn ‘e Wâlden prachtige paden en dykjes hast om te rinnen, te fytsen of te hynderriden, kinst hjir net in kant op. Ast mei it pontsje de Krúswetters oergiest, dan fiel ik dat gemis echt. Fytspaden lâns it wetter en troch it lân, mar wy moatte altyd oer de grutte dyk as we wat wolle, en wat der is sprekt net ta myn ferbylding. Wat dat oangiet, is de pont al in boppeslach.
Soms komme je op plakken en dêr is it sa moai, dan kinst it ferline hast noch fiele, bygelyks yn ‘e buert fan Oentsjerk en sa. Dêr ha ’k myn koetsiersbewiis helle en wat koest dêr prachtich fuort mei de hynders! Mei in fjouwerspan Friezen yn galop oer in sânpaad of troch de bosken, hearlik wie dat. En Gaasterlân is ek sa moai, dêr kinst ek alle kanten út.
Miskien feroaret der wat no’t we by Ljouwert komme en jouwe se wat mear omtinken oan ús bûtengebiet. Der wurdt al praten oer fytspaden, mar der is oan no ta noch neat fan op ‘e hispel kommen. Wy binne hjir sels hinne gien en earlik sein hie dat doe net myn prioriteit. Dat kaam krekt doe’t ús hûn wat âlder waard en de blokjes om wat grutter koene en ik der achter kaam dat dy der eins net wiene. No ja, ien, en dat rin ik al hast tweintich jier alle dagen om. Ik ha ek noait in soad rûn mei de bernewein, want ik wist noait wêrhinne. In rûntsje troch it doarp is samar makke, mar ik wol derút! De paden op en de lanen yn!

Perfekt

Hjir komt it… ik bin net perfekt! Ik flok, ik mei graach op ‘e dyk fliberje en wyldsnute. Dat mislearret gauris en dan fei ik de snotbongel mei myn mouwe fuort of sa. As ik gjin maskara en eachpotlead op ha, bin ik ûnsichtber en myn ‘slanke riem’ kin op ’t heden jûns net ticht. De kapper telde lêst trije grize hierren en ik yt it leafste in hiele pûde sjips allinnich op. In hiele sûkerlatte ha ’k trouwens ek gjin probleem mei.
Ik bin wol sinnich mei it iten, ik mei gjin fisk, gjin kofje, gjin bûter, gjin bier as wyn en sushi jou ik oan ‘e hûnen as se it my foarsette soene. As it merke is, dan yt ik mei gemak fiif bakjes patat, ik fyn myn eigen pankoeken it lekkerst en ik kin der net mear oer om let op bêd te gean. Dan bin ik de oare deis sa min as pudding. It lêzen wurdt ek minder, foaral yn it tsjuster en ik fal yn ‘e sliep as ik myn eigen boeken lêze moat. Ik fal eins altyd yn sliep as ik lês, útsein op fakânsje by in swimbad. Dan hâld ik it gek genôch wol fol. Pms is my ek net ûnbekind en ik kin knap obsternaat wêze. Ik ha net altyd it geduld om it geëamel fan in oar oan te hearren en fyn neat oan dat kleffe sosjale gedoch. Op in jierdei felisitearje ik net de hiele famylje en it leafste tútsje ik net. Ik ferjit wol gauris in jerdei en fier myn eigen leaver ek net. Ik ha gjin problemen mei it âlder wurden, mar al dy drokte hoecht om my net mear.

Ik ha ris hinnesop makke, dat hie in pear oeren opstien en doe’t ik it seve soe, wie ’k ferjitten der in panne ûnder te setten, dat de sop rûn troch de goatstien en allinnich de griente en de hin wiene oer. De ierdappels baarne ek wol gau ris oan en doe’t de bakker de wyklikse bestelling bôle brocht, ha ik ferjitten te sizzen dat ik net thús wie en dat ik it sels wol helje soe. Doe hat er it achterhûs lein en hawwe de hynders alles opfretten. Myn hûntsjes naaie noch wol gauris út it lân yn en dan raas ik alles by elkoar, dat sa rêstich as Cecar Milan is, sil ik noait wurde.
De yntinsjes fan myn húshâldlike ynspanningen binne goed, mar de útfiering falt faak ôf. De tafel leit altyd besiedde mei kranten, rommel, katten en klean en oan ‘e wask komt noait in ein. Ik bin net goed mei sifers, slingers opromje is in probleem en ik ha in hekel oan spinnen. Ik ha alris in fûgel út ’e beam sketten mei in buks en út bisteleafde in do kocht omdat ik it sa sneu fûn dat er yn in lyts koaike yn ‘e winkel siet. Oerdeis wie er los, mar doe fergeat ik op in jûn it doarke fan ‘e (grutte) koai ticht te dwaan en moarns hie de kat him opfretten. Allinnich syn poatsje mei it rinkje wie der noch en de keet lei fol fearren.
Ik ha ek wolris oan ien frege oft se swanger wie, mar dat wie net sa. En in rút yn ‘e doar stikkengoaid mei in boartersguodtrein. Ik wol al in jier de souder opromje en bin úteinlik in digibeet. As der wat is mei de kompjuter, belje ik ús heit. It leafst lit ik ús mem de ruten himelje.

Koartsein: ik bin ek mar in minsk. Ik doch myn bêst, faak mear as dat en ha neat mei de saneamde perfeksje. Huzen dy’t derút sjogge as wennet der net ien. Sa netsjes en keal, sûnder siel en gesellichheid mei fan dy krematoariumtunen. Minsken dy’t altyd troch in rinkje te heljen binne, foarkommend en noait in ferkeard wurd sizze… ik fertrou se foar gjin meter. As minsken dy’t altyd en ivich gnize en fleurich binne, dat is faak mar skyn. Lit my mar omrinne op myn wurklearzens en yn myn âlde klean, lekker ite en omrommelje. Op ’e bank hingje mei de broek los en fliberje op ‘e dyk.

O ja, ik fotosjop mysels ek wolris en brûk karbonadekrûden op de sukadelappen.

Bouke

bouke
Ik wit net hoe’t it kin, mar de lêste tiid tink ik wol gau ris oan Bouke, ús stabyhûn dy’t we 13 jier hân ha. Ik wie heechswanger fan de earste doe’t we him krigen en it wie in geweldich leave hûn. De earste jierren wie er net te hâlden. We hiene in grut stek om ‘e tún, mar dêr sweefde er mei gemak oerhinne om earne yn it lân te bedarjen. Achter de hazzen oan, dwers troch alle dreksleatten hinne oant de boer my belle en ik him wer ophelje koe. Of yn ‘e jachthaven by de boaten lâns, sjen oft er noch earne wat lekkers by elkoar skoaie koe. Hy wie it leafst op ‘e kletter, mar doe rûnen der mear bijkes om en de measte ynwenners fan Warten koene him wol. Hy is sadwaande ek wol thúsbrocht.
Meidat Bouke âlder waard, waard er ek wat rêstiger. It stek waard him te heech, mar thús hie er it ek moai mei al dy lytse bern. Sy hiene wolris in stikje bôle of in koekje en hy skarrele der krekt salang achteroan oant er it gau snippe koe. Ik wit noch doe’t ik swanger wie fan de tredde en allang útrekkene wie. It wie sa waarm en ik hie skjin myn nocht. It like derop dat ik wer nei it sikehûs moast om ynlaat te wurden, mar op in dei foel it my op dat Bouke net by my wei te slaan wie, hy rûn my de hiele dei foar de fuotten. Ik sei tsjin Jelle dat it wolris net lang mear duorje koe, dat fernaam ik oan dy hûn, net oan mysels. It wie ek noch sa. It waard de earste thúsbefalling en doe’t ik de earste fleach krige, leunde ik op it oanrjocht en Bouke siet neist my.
De bern waarden âlder en Bouke ek. Hy waard stram en stiif en koe net mear alle dagen mei it blok om. Azra, de Leonberger, hiene we derby krigen en sy hat in goede opfieding fan Bouke hân. Letter kaam Benji der ek noch by, dat doe wiene se mei har trijen. Bouke waard echt in âlde hûn. Hy begûn te stjonken, waard meagerder en op in dei rûn er yn ‘e keamer om as wie er dronken. Syn eagen skeaten hinne en wer en hy pisse yn ‘e hûs. Foute boel, dat hurd nei de bistedokter. It wie it soarte fan harsensynfarkt, mar hy knapte nei in pear dagen lokkich wer op. Doe’t de eagen him wer stil stiene yn ‘e kop, wie er der wer. Letter krige er noch ien, in lytsere, mar dêrnei wie it krekt as waard er wat demint, hy begûn te skoaien en rûn my de hiele dei foar de fuotten. As ik siet te skriuwen, lei er by my. As ik op ‘e bank siet, lei er op myn skoat en as we te rinnen wiene en it waaide te hurd, dan waaide er yn ‘e sleat. Sa is er thús ek ris tusken wâl en skip rekke en lokkich kaam ik dêr op ‘e tiid achter. Dochs wie er goed fleurich, hy woe likegoed noch wolris boartsje mei de bal en hy iet ek goed.

En doe op in nacht waard ik wekker. Ik miende dat ik him blaffen hearde en skeat oerein. It wie sa’n lûde en dúdlike blaf, mar ik tocht dat ik dreamde. Hy koe amper mear blaffe en al hielendal net sa lûd dat ik it hearre koe. En hy mankearde neat, hie jûns noch lekker iten, dat ik foel wer yn ‘e sliep. Efkes letter waarden we beide wekker omdat Benji sa blafte en hy hold noait wer op. Jelle gong derôf en kaam al gau wer boppe. It gong net goed mei Bouke, hy lei foar de achterdoar dat ik gong der hurd hinne. It wie my drekt wol dúdlik, hy lei op stjerren. Ik ha him foarsichtich optild en bin mei him op ‘e bank lizzen gien, mar dêr waard er ûnrêstich fan. Doe ha ’k him nei de koer tild en dêr ha ’k krekt salang by him op ‘e grûn sitten oant er rêstich ynsliepte. It wie moarns fiif oere en de hoanne kraaide. Ik ha him dy deis kremearje litten en doe’t ik letter de pot mei jiske helle hie, sei ien fan ‘e bern: ‘Kinst wol sjen dat it Bouke is.’ ( De jiske wie ek swart-wyt).
Ik soe him útstroaie, mar hy stiet der noch. Op ‘e skou, yn ‘e keuken. Letter ha ’k noch in moai tableau skildere en dy hinget yn ‘e keamer. Sa is er dochs noch in bytsje by ús.

Topfroulju

Der is ferlet fan topfroulju. Fine de topfroulju dy’t dêr in boek oer skriuwe. Froulju seure tefolle, binne te ûnseker en benutsje har talinten net, of net op de goede manier. In topfrou is gjin húsfrou en wurket net parttime, want dan kinne je noait in fatsoenlike karriêre opbouwe. En ôfhinklik wêze is noch slimmer as deagean. Nee, se wurkje sa’n sechstich oeren yn ’e wike, rinne op hege hakken, ik tink Louboutins en hawwe in mantelpakje oan. Se ergerje har oan de memmen op it skoalplein dy’t appeltaarten bakke as de bern jierdei binne en se fine dat se folle minder drokte hawwe as it om de opfieding fan bern en de kombinaasje bern/wurkjen giet as ‘gewoane’ froulju. Tenminsten, sa stiet it yn ’e krante en sa sjogge je it op ‘e tillevyzje. Der moatte mear froulju it leafst mei de kop troch it glêzen plafon omdat de wrâld noch altyd oerweagjend regeard wurdt troch manlju.

Tsja… Dêr sitte je dan as húsfrou-skriuwster en mem fan fjouwer bern, dy’t (sûkerfrije) appeltaarten bakt en har eigen bern grutbringt. Ik kin it my wol yntinke dat in topfrou minder drokte hat fan de bern en de húshâlding, want as je der noait binne en dat stik ferantwurdlikheid by in oar dellizze, bygelyks de nanny, dat skeelt yndied in protte tiid. Mar goed, dat is in kar en lokkich binne je meastal frij om te kiezen, útsein de bern dan, want dy ha der net om frege om berne te wurden. Ik kin wol respekt opbringe foar sa’n frou dy’t der hielendal foar giet. Ik leau echt dat se hurd wurkje en it sil ek net altyd maklik wêze om je steande te hâlden yn it sakelibben tusken al dy keardels. Ik fyn it ek knap dat je sa faak fan hûs wêze kinne en der altyd like kreas útsjogge. As ik in oere op hakken rin, bin ik stikken. Ik bin gjin finânsjeel wûnder, ik ha dan wol myn HBO-diploma, mar gjin universitêre stúdzje, neffens my ha ik in normaal IQ en 80 persint fan wat ik leard ha, bin ik wer ferjitten dus it is mar goed dat ik gjin advokaat wurden bin.

Mar persoanlik wurd ik al in bytsje beroerd fan dizze diskusje. It giet noait om, bygelyks, in helpferlienend berop as ferpleechster of immen dy’t by de thússoarch wurket. It giet noait oer kapsters, kassjêres, boerinnen of blommeferkeapsters, it giet altyd oer topbanen mei topsalarissen en ik fyn dat net in goede wjerspegeling fan de werklikheid. Net alle froulju kinne of wolle dat, krekt likegoed net as alle manlju president wurde kinne of trener fan in fuotbalklub. Net iens minsk is gelyk, net ien gesinssituaasje is gelyk en ik fyn dat it ek in ferkeard boadskip ôfjout oan de famkes dy’t noch op de springplanke stean om it folwoeksen libben yn te dûken. Want net alles draait om jild en macht. It is fansels prachtich as je de ambysje hawwe om troch it glêzen plafon te gean en dat ek noch wiermeitsje kinne, mar dat is net foar eltsenien fuortlein. Der binne ek froulju dy’t mei nocht dat glêzen plafon himmelje en dy binne ek fan wearde yn de maatskippij. Sels ken ik net ien topfrou. Ik ken yn myn omkriten en famylje- en freonekring in hiele soad topfroulju! Se rinne net op Louboutins, en in mantelpakje is alhiel net praktysk, mar se hawwe allegear ien ding gemien: se dogge stjonkend har bêst om alles yn goede banen te lieden! De froulju dy’t bûtendoarren wurkje besykje it sa te dwaan dat der genôch tiid oerbliuwt foar it gesin en dêrneist dogge se frijwilligerswurk op skoalle of earne oars. Sosjale, leave en waarme froulju op klompen, yn in spikerbroek, op gympies of moaie learzen ûnder in jurk… Dat wol net sizze dat it altyd maklik is en it kostet faak in soad enerzjy. Mar it giet om de yntinsje en dy is mear as goed. Dy is TOP!

Facebook

It sit op facebook omdat immen tsjin my sei dat ik dat dwaan moast doe’t myn earste boek útkaam. Social media is booming dat je moatte facebooke en twitterje as je wat wolle. No woe ik gjin fan beide, mar úteinlik bin ’k om gien en ik moat sizze, ik fyn it echt leuk! Ik ha ek in twitteraccount, mar der ha ´k no wer neat mei. Ik ha sokke leuke minsken kinnen leard, der binne moaie freonskippen ûntstien en it is faak geselllich online. Je sjogge grappige foto´s fan bern en bisten (of de bleate kont fan Doutzen) en it is ek samar klear om der wat op te setten. Ik kom net sa faak fan de pôle en sa komme je dochs ûnder de minsken. Ik wit it, it is net de echte wrâld, mar it is wol hiel leuk om immen tsjin te kommen dy’t je al in skoft as freon ha op facebook. Op sa’n stuit reitsje je samar oan ´e praat omdat je al in soad fan elkoar witte. Dat binne faak de mear algemiene dingen, mar it jout je dochs in foarsprong en in yngong om fierder te praten. Of je komme minsken online tsjin dy´t je kenne út it ferline, âld-doarpsgenoaten bygelyks. Dan binne je drekt wer op ´e hichte en dan is it krekt as hawwe je elkoar noait út it each ferlern.

Omdat ik myn draai dêr wol yn fûn ha en deis in pear kear de boel yn ‘e gaten hâld en ek hast alle dagen wat nijs derop set, binne der minsken dy’t my ferwite dat ik ALTYD op facebook sit. En yn it begjin wie it ek mear as no. It nije is der wat dat oanbelanget al in bytsje ôf, mar och, as je dochs efkes sitte, kinne je ek wol efkes sjen wat der allegear wer opstiet. Ik doch der deis neat minder om. Mar wat no de grap fan dit ferhaal is, de minsken dy´t fine dat ik altyd op facebook sit, witte dat dus wol. Der binne in hiel soad dy´t der op it earste gesicht sels net folle mei dogge, mar se witte dus wol ALLES fan in oar. Ik krige fan ´t wykein wer in leuk priveeberjocht fan in nije freon, dy´t frege wannear´t myn tredde boek útkomt omdat se in grutte fan is fan myn boeken en dat binne moaie dingen. En ik ha lêsten wer in leuke nije side ûntdutsen oer sûn iten, mei goede tips en lekkere resepten. Dat ik bliuw moai op facebook en as immen my ferfelend fynt, ferwiderje my dan mar gau as freon.

Want better in goede freon op facebook as in protte argewaasje!

Online!

Hjoed bin ik offisjeel de loft yn! Online! Myn nije webside is klear en ik bin der tige wiis mei. De mannen fan Weening hawwe in soad geduld mei my hân mar se ha my de tiid jûn en it resultaat is prachtich wurden. It grutste obstakel wie de foto dy’t se nedich hiene as eftergrûn foar dit ûntwerp. Foar de flauwekul op de foto is gjin probleem, foar de wille ek net. Mar posearje… praat my der net fan! Ik fyn it in drama en de iennichste manier dat ik der dan noch wat fleurich op stean is mei ien fan myn bisten. En dan is Coco it fotosjenykst mei har moaie swart-wite kopke.
Ik bin ek fan doel geregeld in blog te skriuwen en it sil grif wolris oer myn bisten gean. Der rint hjir nochal wat om en it iene momint stiet der in hynder yn ’e keuken en it oare momint fjochtsje de hûn en de hoanne wer mei elkoar. Der is altyd wol wat te rêden!

Fierder bin ik dwaande mei myn tredde roman dat jimme kinne no moai de webside yn ’e gaten hâlde foar nijs en ik bin ek te finen op Facebook. Foar in skriuwster dy’t earst net ûnder har eigen namme skriuwe woe omdat se net bekend hoegde te wurden, hawwe dat bêst wol stappen west. Mar dêr bin ’k oerhinne, ik fyn it kontakt mei de minsken leuk, weardefol en gesellich. Jimme kinne op dizze webside ek reaksjes jaan, der is in kontaktformulier, dat jou mar lûd!
Oant sjen, oant lêzens!

Faaine dagen!

In koart Krystferhaal fan Hilda Talsma, mei Fryske rokjes.

It wie de dei foar kryst en it Fryske rokje moast eins noch om boadskippen. Mar it lei sa lekker op ’e sachte tekken en it boek wie te spannend, se koe net ophâlde mei lêzen. Se siet midden yn in romantyske sêne mei Elske en Ronny. Hy stie in dei foar de merke nei tweintich jier wer foar har. ‘Ik bin werom foar dy, Els,’ sei er en doe barste it Fryske rokje yn gûlen út.

krystferhaal 5

Oeral om har hinne wie romantyk, útsein by har en it seach dernei út dat se de krystdagen wer allinnich trochbringe moast mei dy kloateferskes op ‘e radio en dy saaie films op ‘e tillevyzje! Se hie al hielendal gjin nocht om nei famylje te gean, wat in geseur soe se dan wer oanhearre moatte. Har hûntsje besocht har te treasten, mar it joech neat.

krystferhaal 1

Se hie sa’n begrutsjen mei harsels en no moast se ek noch allinnich nei de winkel om boadskippen. Oeral dêr’t se dizze wike kaam, wiene steltsjes en lokkige minsken dy’t tegearre de krystynkeapen diene. Mar as se nei de winkel woe dan moast se opsjitte. It hûnefoer wie op en fierder hie se ek hast neat mear yn ‘e hûs.
Se klapte it boek ticht en droege de triennen. Der wie net ien om har in skop ûnder de kont te jaan, dat moast se sels wer dwaan en lokkich rêde se dat altyd wer op. Oars hie se grif ek sa’n kluzener wurden. Se kaam oerein en klaaide har waarm oan. It wie in echte winter mei snie en iis, al sa’n rottiid. Se makke gau in boadskippelistke en mei twa tassen rûn se nei bûten ta. It felle ljocht dat wjerkeatste op ‘e snie die har sear oan ’e eagen en dat wie in moaie reden om in grutte sinnebril op te setten dêr’t se har drôvige eagen achter ferstopje koe.

By it parkearplak fan ‘e supermerk stie in file en se baalde as in stekker dat se fannemoarn betiid net gien wie. Dat hie se wol oan tiid hân, mar se hie de hiele dei thús omdangele. Doe’t se nei in heal oere einlings in plakje fûn hie foar de auto, begûn de illinde fuortendaliks want doe’t se útstapte, glied se út en fûl se op har kont. Immen gniisde lûd en sjegrinich kaam se oerein. Mei lytste stapkes rûn se nei de winkel en se wreau har oer de kont. Neist de yngong siet sa’n bûtenlânske akkordeonist op in krukje en neist him stie in reiden kuorke dêr’t aardich wat jild yn lei. Sels in briefke fan tsien euro! No siet hjir meastal wol sa’n muzikant, mar dat wie in âldere man en dy koe net spylje. Dizze jonge spile mar raak, miskien wie dit syn soan? Hy spile fleurich fierder en lake.
‘Boem,’ sei er en hy makke in nuver lûd mei de akkordeon. Dat skeat har yn it ferkearde kielgat en se rûn nei him ta.
‘Sitsto my hjir no út te gnizen? Moatst dy deaskamje! Hjir de hiele dei wat op dyn luie reet ryk sitte
te wurden en ik mar hurd wurkje! Tink mar net dat ik ek mar ien sint yn dat kuorke goai!’
Mei de wiisfinger omheech stie se foar him en hy gnyske mar wat. Hy spile fierder en knikte freonlik nei alle minsken dy’t lâns him rûnen en wie de rêst selve. In deftige menear mei in hoed op en in lange swarte jas goaide tweintich euro yn syn kuorke. ‘Dankoe wel,’ sei er. ‘Faaine dagen.’
‘Dankoe wel, faaine dagen!’ prate se him nei en se luts in nuver gesicht nei him. ‘Bist gewoan in luiwammes!’
‘Dankoewel mevrouw, faaine dagen. ’Hy knikte freonlik, lilk rûn se de supermerk yn.

Doe’t it Fryske rokje alle boadskippen helle hie en wer nei bûten rûn, wie de muzikant fuort. Hy soe de buit wol binnen ha. Foarsichtich rûn se fierder nei de auto, mar de kofferbak woe net iepen. Se flokte lûd en luts út alle macht, mar it slagge net. Op ‘e achterbank leine har krystballen, dêr koe se de swiere tassen ek net opsette. Se suchte yrritearre en joech in klap op ’e klep.
‘Kan ik oe hellepe?’
Se draaide har om en hy stie foar mei in big smile. Syn wite tosken skitteren yn ‘e sinne en hy wie eins bêst wol kreas. Dat wie har niis net opfâllen, mar doe hie er ek sa’n unnoazele mutse op. Hy seach har freegjend oan mei in pear grutte, donkerbrúne eagen en se wiisde nei de kofferbak.
‘Fêstferzen! Asto dy foar my iepenmeitsje kinst, dan bist fan herte wolkom ûnder myn krystbeam yn dyn bleate liif mei allinnich in Fryske boksershort oan en dan sil ik dy ris hearlik ferwenne… . Want úteinlik bist bêst wol in lekker ding.’
Se hie muoite om har gnizen yn te hâlden, se koe gewoan alles tsjin him sizze, hy fertsie har dochs net. Hy luts oan ‘e skouders en skodholle.
‘Ik niet weten wat u zegge.’
‘Dat is mar goed ek. Mar ik sei datst wol in lekker ding bist. En meitsje no dy klep mar iepen, dan kin ik nei hûs ta. Ik ha Flammen kocht en dan kin’k moai lêze mei dy kutkrystdagen.’ Se krige it boek en liet it oan him sjen. Hy beseach it oandachtich mar sei fierder neat. Hy makke de kofferbak foar har iepen en lake fatsoenlik.
‘Alstoeblief, mevrouw.’ En hy sette de boadskippen ek noch foar har yn ‘e auto.
‘Dat fyn’k no leaf! Ik hie ek net sa raar tsjin dy dwaan moatten. Ik biedt myn oprjochte ekskuus oan…mafkees.’ Se gong op ‘e teannen stean en soe him entûsjast in tút op it wang jaan, mar hy draaide syn holle om en doe joech se him in tút op ‘e mûle. Se skrokken beide, mar net ien die in stap tebek.
Hy naam har holle yn syn hannen, se die de eagen ticht. Hy koe hearlik tútsje en it iiskâlde gefoel dat se al wiken hie, raande einlings. Se hearde de maitydsfûgels al fluitsjen en seach harren hân yn hân yn it bosk fan Ypey rinnen. Se kriich him by it skouder beet om him tichter nei har ta te lûken, mar hy treau har tebek.
‘Ik naar huis gaan,’ sei er. ‘Dankoewel voor kus. Faaine dagen.’ Hy joech har in tútsje op ‘e hân en doe rûn er fuort.
‘No ja, sis! Aso!’ rôp se him nei. ‘Leare jimme gjin manieren by jimme thús?! Sokkebolje dan ek mar op!’
Hy draaide him noch ien kear om en weau freonlik nei har. Se stuts de middelfinger omheech en stapte sjegrinich yn ‘e auto.
Doe’t se wer thús wie, brocht se de boadskippen yn ‘e hûs en joech se har hûntsje in lekkere bonke. De hiele rit nei hûs hie se oan it foarfal op it parkearplak tocht. It wie de lekkerste tút dy’t se yn skoften hân hie. Miskien ek mar better dat er fuort gong, wat soe se ek mei sa’n bûtenlanner moatte. Se hie in hekel oan reizgjen en hy wenne grif fier fuort. Fluitsjend rûme se de boadskippen op en smaarde se in stikje bôle mei hagelslach. Se hie de hiele dei noch neat hân en hearlike farske bôle kocht. Doe’t se klear wie en it pantsje op it oanrjocht sette, kloppe de buorfrou op it rút.
‘Komst ek efkes bûten? Ik ha koek en sopie en de bern hâlde in snieballegefjocht!’
‘Leuk! Ik kom deroan! Efkes de snielearzen krije!’
Bûten krige se fuortendaliks in sniebal yn ‘e nekke mar ynstee fan dat se lilk waard en opsprong fan ‘e kjeld, kriich se nocht om mei te dwaan en immen ris goed yn te sjipjen.

krystferhaal 3

De bern wiene sa fleurich en fol enerzjy. Se draafde achter harren oan en se spatten alle kanten út. Doe begûn har buorjonkje ynienen hiel lûd te gnizen. Hy wiisde en sei dat er immen achter har stie.
‘Dêr traapje ik dus moai net yn, hin!’ Se stie mei in sniebal yn ‘e hân, klear om te goaien doe’t der in bats kâlde snie by har it himd yn rûgele. Se raasde it út en sprong wol in meter de loft yn. De bern leine dûbel en lilk draaide se har om.
‘Sorry mevrouw, was niet main bedoeling.’ Mar se waard noch in kear troch him ynsjippe.
Doe’t se de snie fan har ôfskodde hie, koe se har eagen net leaue. De muzikant stie foar har yn syn trainingbroek mei in Fryske boksershort derboppe út en in bleat liif.
‘Fergemie noch oan ta! Bist my achternei riden?’ Se snapte der neat fan, hoe koe er hjir oars samar foar har stean?
‘Ja’, sei er. ‘Ik bin dy achternei riden en tafallich hie ’k in Fryske bokser oan, hjoed.’
Mei grutte eagen en de mûle iepen seach him fol ûnleauwen oan. Hy praatte Frysk… mar dan…
‘Do hast alles ferstien, hin? Wat in rotstreek! Wêrom hâldsto de minsken sa foar de gek!’ Se sloech op syn bleate boarst mei de fûsten.
‘Ik doarde noait foar publyk te spyljen en doe sei myn muzyklearaar dat it miskien in goed idee wie om in kear as in oar te spyljen, fandêr. It hat goed holpen, ik ha in soad wille hân, minskekennis derby krigen en ik bin oer de drompel hinne. En omdat ik wit dat it net sa heart, bring ik al it jild dat ik krigen ha nei in goed doel. En omdat ik ek allinnich wêze soe mei de krystdagen, ha’k beslúten dyn oanbod oan te nimmen.’
‘Myn oanbod?’ frege se ferheard.
‘Ja, healneaken ûnder de krystbeam. As bist dat alwer ferjitten?’ Hy knypeage nei har.
‘Ik ha echt rare dingen sein…’ Se skamme ta de teannen út. ‘Dat hie net moatten.’
‘Nee, dat wie yndied net sa sosjaal! Dat ynsjipjen hast wol fertsjinne!’ Hy krige in sniebal fan ien fan ‘e bern tsjin ‘e búk en it griisde har oan dat er sa healneaken yn ‘e kjeld stie.

‘Bist net kâld?’ frege se.

krystferhaal 4

‘Net mear.` Hy lake undogens nei har.
De bern lutsen har mutse fan ‘e holle en goaiden him fuort. Se draafde der achter oan en kriich de mutse fan ‘e grûn… en in hân fol snie.
‘Hoe hjitsto eins?’ Se rûn wer nei him ta.
‘Lolke de Boer.’

krystferhaal 5

‘Lolke de Boer!’ Se moast sa laitsje en rûn nei him ta mei de hân fol snie. ‘No Lolke, dan wurdt it heech tiid dat wy yn ‘e kunde komme mei elkoar. En dan sil ik noch ris neitinke oer myn oanbod.

krystferhaal 6

1 5 6 7 nei boppe ta