Boeken

Flammen

Elske is drok dwaande mei de tariedings foar har houlik. Betty sil dêr in grutte rol yn spylje en dêr spuit har famylje raar guod fan, sjoen Betty har reputaasje yn it doarp. Mar Betty hat in protte talinten en krijt dêrtroch suver mear oansjen. Wisberet om Elske net teloar te stellen, seit se ta dat se har gedrage sil, mar se komt foar grutte útdagings te stean. Elske, ek net altyd like handich yn it oersjen fan har eigen spontane aksjes, hat der noed oer oft it allegear wol goed komt, mar it wurdt in ûnferjitlike dei. Yn mear as ien opsicht.

‘Krektlyk as it earste boek, hie ik ek dit …yn in sucht út. As Hilda op ‘e tekst is, dan fljochst yn it ferhaal mei. Gjin drege wurden, gjin ûnbegripelike lange sinnen, gjin mislearre pogingen om ‘literêr’ te wêzen. Nee, opnij in hearlik fuorthappend boek. It ferfolch op de Twadde Hûd, wêryn ‘t wy al yn ‘e kunde kamen mei Elske, Sjoerd, Lys, Peter en Ronny en noch in hanfol oare ynwenners fan it doarp Frisum. Allegearre doarpsfiguren, sa as wy se yn ús eigen doarpen ek mei de noas wol oanwize kinne. Pyt Prúkje, Betty Blubber, Durkje, om der mar in pear te neamen. Yn Flammen leare wy dizze minsken in stik better kennen. En dêr leit ek drekst al de grutte feroaring: wie it earste boek yn sekere sin noch wat flak, as it om de persoanaazjes giet, en wie it benammen inte op in hiele trits spannende saken dy ‘t elkoar yn rap tempo opfolgen, yn it twadde diel is der romte makke om de karakters út te djipjen. En foar wa’t no benaud is dat soks de snelheid fan it boek oantaast: nee. Dat is it knappe fan Flammen: der bart op syn minst like folle as yn De Twadde Hûd, mar wy begripe ek wêrom ‘t de minsken dogge, sa as se dogge. Prachtich. Fansels, as je kritysk binne: der bart mei in hiel pear persoanen mear yn in jier, as normaal yn in hiele doarpsmienskip yn in hiele generaasje. Mar wês no earlik: soene jo it boek noch leuk fine as der noch wit-ik-hoefolle oare persoanaazjes yn opfierd waarden en it boek 500 siden tsjûker wie, om genôch tiid tusken de ferskate barrens te kreëaren? Nee, fansels net. Dan wie it gewoan in saai boek. No is it pyklit om ferhipte fleurich fan te wurden. Is der dan ek noch wat mis? Ja. Diel trije is der noch net. Dat is der mis.’ Martsje de Jong

Mear lêze..

Meer lezen..

De twadde hûd

Elske hat in opstannige dochter, in man dy’t nei in ûngemak de moed opjûn hat, mar dochs docht se har bêst om wat fan it bestean te meitsjen. Lykwols, djip yn har hert heakket der wat. Se tinkt dat it krijen fan in poppe it libben kompleet meitsje sil, mar dat kin net mei Sjoerd, hy is ûnfruchtber. Ferfolle fan har bernewinsk nimt se neidat se te djip yn it glês sjoen hat, in drastysk beslút. Mar de man dy’t se foar de ferfoller fan har dream oansjocht, docht dy winsk ek net útkommen. Se skammet har djip en hat spyt fan har domdrystens. De jûns foar de merke set se him oan ‘e dyk, mar dêr is er it net mei iens.

De Jonge Jan, de Poep en de Sytema’s

De Jonge Jan is in legindarysk skûtsje, boud yn 1911 op de werf ‘De Piip’ yn Drachten fan de gebr. Roorda. It boek beskriuwt de skiednis fan De Jonge Jan fan de Sytema’s ôf, dy’t it skip bouwe lieten, de gloarjetiid mei alle wedstriden en prizen, de ûndergong en de persoanlike drama’s oantemei it weromkommen oan ‘e top by de IFKS mei skipper Jelle Talsma.

1 2 nei boppe ta