Toaniel

Hilda hat ek ferskate toanielstikken skreaun, dy’t allegear opfierd binne. It binne flotte, moderne en humoristyske stikken, sawol foar folwoeksenen as foar de jeugd. As jo ynteresse ha yn in stik fan Hilda, nim dan kontakt mei har op. De stikken binne net te krijen by in oare toanielútjouwer.

Iepenloftspul ‘Ald sear, nij lijen’ yn Alde Leie smakket nei mear

As âld-ynwenner fan Alde Leie ha ik in iepenloftspul skreaun foar de toanielklub De Plankeprikels. It ferline en it no moetsje elkoar op it keatsfjild mei de merke. Freark fan Hallum en Arjen Roelofs komme werom omdat se noch in pear ierdske lessen leare moatte mar as dat allegear slagget mei de ynwenners fan no?
Skiednis, humor, romantyk en unike minsken… it komt allegear by elkoar yn dit iepenloftspul. Regisearre troch Alfred Miedema, wie it in grut súkses!

Moai fuort

moai fuort
Ienakter foar folwoeksenen, trije spilers. Ien frou, twa manlju.

Ynse is mei syn frou op fakânsje nei in it bûtenlân. Se hawwe de reis fan ‘e bern krigen en sitte yn in moai hotel mei swimbad. Mar se binne it hielendal net wend om salang echt tegearre te wêzen. Se hawwe in caravan op Skylge, dêr komme se al 40 jier. Dêr binne ek harren freonen en kinst der sa hearlik fytse. Yn it bûtenlân is alles oars en dan hawwe se ek noch sa’n ûnnoazele ober dy’t allinnich mar Ingelsk praat.

Wy geane te farren

wy geane te farren
Ienakter foar folwoeksenen, seis spilers. Trije froulju en trije manlju.

De twaling Hetty en Betty hawwe in boat hierd om mei op fakânsje te gean. As se by de boateferhier komme, leit der in prachtige wite Lemster aak klear mei de reade loper út en hy is fersierd mei flagjes. Se binne hielendal oerémis, sa’n prachtige boat hiene se net ferwachte. De aak hjit ‘De Groene Draeck’, dat fine se mar in stomme namme.
Se nimme it goed fan de sjampanje en de kaviaar dat klearstiet, mar it docht al gau bliken dat dizze boat net de goede is. Sy moatte mei de âlde, heal ferrotte skou fuort dy’t derachter leit, mei hilaryske sitewaasjes ta gefolch.

Apen en Beren

Ienakter foar de jeugd. Alve spilers, fjouwer manlju en sân froulju. Kombinaasje mei twa folwoeksenen mooglik. Ien sterke man sit yn in apepak)

Wobkje is in leaf, mar ferlegen famke en lang sa populêr net as har twalingsuskes. As de reuny fan ‘e basisskoalle is, dan keapet Wobkje in aapke fan Marktplaats. Dan kin se dêr de blits mei meitsje en krijt se ek ris alle oandacht. Mar dat aapke blykt in grutte gorilla te wêzen en dy ûntsnapt al gau út syn koai. Hy hat syn each falle litten op de mem fan Wobkje, mar skeakelt sa stadich oan eltsenien út.

Boerenbont

Stik foar folwoeksenen. Trije froulju, sân manlju.

Jitske is te betiid widdo wurden. Se wennet sûnt de dea fan har man allinnich op de pleats, mar se rekket hieltyd mear yn ‘e bedelte. Dêrom hawwe har heit, mem en suske har opjûn foar it nije programma fan de Fryske Omrop: Boerin siket in gesin. En se hawwe sels alfêst de mannen ek mar útsocht. De presintator Marron Kaspers komt mei syn kameraman by har op ‘e pleats. It is in gremitich mantsje mei nuvere trekjes mar poesleaf as de kamera draait. Der komme trije hiele ferskate mannen en ien dêr fan fynt Jitske wol kreas. En hoe sit it mei de kameraman? Hy is in wike by har thús en is ek wol hiel leuk!

Suze Nane

Ienakter foar folwoeksenen, seis spilers. Trije manlju en trije froulju.

Jan Willem fiert syn jierdei, hy wurdt 50 jier. Syn frou Jetske is net gelokkich en drinkt tefolle. Kevin en Kyra binne de nije buorlju dy’t se útnoegje omdat se dy ta freon hâlde wolle want Kevin doocht foar gjin meter. Se wachtsje op Gabe, hy hat altyd frijgesel west en hat in nije freondinne. It bliikt net om in echte frou te gean mar om in poppe, Suze Nane, mei ôfstânsbetsjinning. Se reitsje allegear yn ‘e ban fan Suze Nane mei hilaryske situaasjes ta gefolch.

It hier fan de kening

Ienakter foar de jeugd, skreaun as musical foar groep 5/6

Kening Balder wol it hier groeie litte omdat it yn ‘e moade is. Mar hy wit net dat er in flok oer him útsprutsen is eartiids. Nammentlik: hoe langer syn hier wurdt, hoe sjegriniger hy wurdt. It is sa stadichoan ûnmooglik mei him te libjen en foar him te wurkjen. Hy wol net mear yn ’t bad, laket noait mear, raast en tjirget him, is net mear leaf en makket der in grutte binde fan. Hy sil trouwe mei prinses Rosalinde, mar sy sjocht it net mear sitten. De ridders betinke in plan en losse it op.

 nei boppe ta