Elske hat in opstannige dochter, in man dy’t nei in ûngemak de moed opjûn hat, mar dochs docht se har bêst om wat fan it bestean te meitsjen. Lykwols, djip yn har hert heakket der wat. Se tinkt dat it krijen fan in poppe it libben kompleet meitsje sil, mar dat kin net mei Sjoerd, hy is ûnfruchtber. Ferfolle fan har bernewinsk nimt se neidat se te djip yn it glês sjoen hat, in drastysk beslút. Mar de man dy’t se foar de ferfoller fan har dream oansjocht, docht dy winsk ek net útkommen. Se skammet har djip en hat spyt fan har domdrystens. De jûns foar de merke set se him oan ‘e dyk, mar dêr is er it net mei iens.
Sjoerd docht yntusken hieltyd mear syn bêst om yndruk op har te meitsjen en it liket wol oft se wer wat nei elkoar ta groeie. En dan stiet de âlde, bekende karavan op it merketerrein. Oantinkens fan mear as tweintich jier lyn komme yn alle fûlens nei boppe. De grins tusken oantinken en werklikheid ferdizenet op it momint dat se nei al dy jierren ûnferwachts each yn each stiet mei Ronny. Wat hat him werombrocht nei Frisum?
‘Een ontspannend en humoristisch debuut.’ Henk v/d Veer, Friesland Post