Boekefeest op 10 maart!

Boeken fan Fryslân nûget elkenien fan herte út op it Boekefeest op sneon 10 maart oansteande, om 19:30 yn it Schaaf City Theater yn Ljouwert. Haadgast fan dizze jûn is de Flaamske skriuwster Griet Op de Beeck, dy’t it nasjonale boekewikegeskink skreaun hat en fansels Jetske Bilker, dy’t it yn it Frysk oersette mocht. Dêrneist binne der optredens fan skriuwsters Hilda Talsma en Elske Schotanus, komt Baukje Zijlstra fan útjouwerij Bornmeer oan it wurd, is der live muzyk fan Radio Barkas en folle net genôch. Wêst derby dus. Tref skriuwers yn it wyld en ha in moaie jûn!