Frysk Spraakwetter foar Serious Request!

elske de wall
Tegearre mei û.o Jolanda Zwaagstra en Jeroen ‘Baba’ Wijnand bin ik op paad mei it Fryske Spraakwetter. Dan sitte je noait wer om in wurd ferlegen en de opbringst giet fan’t winter nei Serious Request dy’t mei it glêzen hûs yn Ljouwert komme. Skjin wetter foar de lannen dêr’t se it net hawwe. It ôfrûne wykein wiene we yn Appelskea by it konsert fan Elske de Wall yn it iepenloftteater ‘De Koele’, op 14 en 15 septimber binne wy te finen op Wartenster Wetterwille en op 27, 28 en 29 septimber by de EK Dogdance yn Burgum! Hâld dizze side yn ‘e gaten foar mear ynformaasje en wy binne ek te finen op Facebook. Frysk Spraakwetter/Fries Spraakwater