It hier fan de kening

In ienakter foar de jeugd, skreaun as musical foar groep 5/6

Kening Balder wol it hier groeie litte omdat it yn ‘e moade is. Mar hy wit net dat er in flok oer him útsprutsen is eartiids. Nammentlik: hoe langer syn hier wurdt, hoe sjegriniger hy wurdt. It is sa stadichoan ûnmooglik mei him te libjen en foar him te wurkjen.


Hy wurdt yndied hieltyd sjegriniger, wol net mear yn ’t bad en laket noait mear. Hy sil trouwe mei prinses Rosalinde, mar sy sjocht it ek net mear sitten. De ridders betinke in plan en losse it op.