Nys

Hilda Talsma uit Warten schrijft Fries kadoboek 2021! -LC-

Skriuwster Hilda Talsma (1971) út Warten skriuwt it Fryske kadoboek fan 2021. “De Fryske taal is foar my al in kado op himsels”, seit Talsma. “Fiele, tinke, prate, lêze en skriuwe yn myn eigen taal, ik wurd dêr hiel gelokkich fan.” -Omrop Fryslân-

Foto makke troch Siska Kroondijk

Klik dizze link oan om it stik op de webside fan de LC te lêzen,

of dizze link foar it stik op de webside fan Omrop Fryslân.

‘De Onnie’s en it hynstebal’.

<

It boek oer de Onnie’s is klear! It waard tiid dat dizze froulju har eigen ferhaal krigen want se binne sa leuk! Hjoed is de presintaasje by de greidbuorkerij yn Warten mei oanslutend in sutelaksje fan Boeken Fan Fryslân. Al myn lêzers binne fan herte wolkom en as jimme it boek bestelle wolle, klik dan dizze link oan.

‘Slangen ûnder it bêd’ op ‘e list foar de Simke Kloostermanpriis!

Simke Kloostermanpriis 2019 (Webside fan it Skriuwersboun)

TWIZEL – Yn jierren binne der net safolle boeken yn de beneaming kommen foar de Simke Kloostermanpriis, de trijejierlikse berneboekepriis foar oarspronklik Frysk wurk. Mar leafst 40 boeken steane op de list, rom in tredde mear as de foargeande jierren. Hat de sjuery him by de ôfrûne priisútrikkingen wolris negatyf útsprutsen oer de stân fan saken omtrint de Fryske berneliteratuer, no stiet der foar moannen oan lêsfoer op de planke.

Sytske Eringa, Gerbrich van der Meer en Geart Tigchelaar binne oansteld as sjueryleden, in betûfte sjuery dy’t goed yn de berneliteratuer thús is. Ein 2018 is al úteinset mei it lêzen fan alle boeken om de ûnfoege put op ’e tiid de baas te wêzen. Op 17 maaie 2019 wurdt de priis útrikt yn de tsjerke fan Twizel.

It bestjoer fan it Simke Kloostermanlien is wakker bliid mei de rispinge. By de lêste útrikking is it prizejild ferhege nei €5000,-, in respektabel bedrach dat past by in grutte prestaasje. Net allinnich yn oantal is it in rekôr, mar de boeken binne oer it gehiel moai foarmjûn en goed fersoarge. Der is boppedat in grut ferskaat. Der binne printeboeken by, keunstboeken, skoallêsboeken, fersebondels, ferhale- en poëzijbondels mei bydragen fan meardere skriuwers en ek unyk wurk dat him minder maklik yn in kategory pleatse lit. It oandiel jongereinliteratuer is ek grutter as earder, in kategory dy’t al jierren achterbleau.

Dat der sa’n soad boeken útkommen binne, en der safolle bysûndere dielsjênres ûntstien binne, hat mooglik te krijen mei 2018, it jier dat Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa wie. Mar ek yn 2016 en 2017 is der in soad produsearre. Dy moaie opbringst wie foar it Simke Kloostermanlien in reden om wat ekstra’s te dwaan. Op 10 april wurdt dêrom in foarlêswedstryd organisearre foar learlingen fan de basisskoallen yn de gemeente Achtkarspelen. De trije bêste foarlêzers winne in boekepakket mei de nijste boeken, wêrûnder it winnende boek. It liket in “gouden” tiid foar de berneboeken en de jonge lêzers moatte de grutte winners wurde. No is it ôfwachtsje wa’t yn maaie de Simke Kloosterman- priis wint.

BOEKELIST FOAR DE SIMKE KLOOSTERMANPRIIS 2019
2016:
Janneke de Boer, Rôversguod. Yllustraasjes: Vera Damhuis. Uitgeverij Louise, Grou

Lida Dykstra, Wenje yn in skilderij. Wijdemeer en Fries Museum, Ljouwert (it boek is tagelyk yn Nederlânske oersetting útkommen)

Rients Gratama, it Stuoltsje t Stoultje het Stoeltje. Yllustraasjes: Carla van der Heijde. Friese Pers Boekerij/Noordboek

Mirjam van Houten, Tije. Yllustraasjes: Mirjam van Houten. Afûk, Ljouwert

Hanneke de Jong, Wês net bang (mar wol foarsichtich). Afûk, Ljouwert

Auck Peanstra en Riemkje Pitstra, Tomkes foarlêsfeest. Yllustraasjes : Luuk Klazenga. Afûk, Ljouwert

Yke Reeder en Sytse Jansma, Wapper. Yllustraasjes: Yke Reeder. Tresoar, Ljouwert

Joke Scheffer, Mûske fan Martena. Tekeningen: Ronald de Haan. Martenastate, Koarnjum

Joke Scheffer, Skelte wol in skelter. Yllustraasjes: Anna Sikkes. Afûk, Ljouwert

Hendrika Vis-de Ruiter, Siem en Sanne sjogge Sint Piter. Yllustraasjes : Bernard Roorda. Uitgeverij Louise, Grou

Jeannette Westra, De aventoeren fan Edze Ballontsje. Yllustraasjes: Titia Hoogeveen. Friese Pers Boekerij

Baukje Wytsma, Lytse Protter. Yllustraasjes: Yke Reeder. Afûk, Ljouwert

2017:
Janneke de Boer, Stikel en it koartste paad nei Lange Prins. Yllustraasjes: Janneke de Boer. Uitgeverij Louise, Grou

Eppie Dam, Tsjilp. Linoleumfiken: Lienke Boot. Utjouwerij DeRyp, Blauhûs

DJ Elle en oare LinKk ferhalen. Afûk, Ljouwert

Geartsje Douma e.o., Spetter, spetter… en oare ferskes. Yllustraasjes: Linda de Haan. Afûk, Ljouwert

Lida Dykstra, De huodsjes fan Mata-Hari. Yllustraasjes: Natascha Stenvert. Wijdemeer

Lida Dykstra, Pykje Fjouwer. Yllustraasjes: Ina Hallemans. Afûk, Ljouwert

Lida Dykstra, Ridder Jet. Tekeningen: Maaike van den Akker. Audiofrysk

Lida Dykstra, De weddenskip. Yllustraasjes: Nina Peckelsen. Afûk, Ljouwert

Mirjam van Houten, It kadootsje – Het cadeautje. Yllustraasjes: Mirjam van Houten. Afûk, Ljouwert (twatalich)

Anny de Jong, Boem is ho! Tekeningen: Yke Reeder. Audiofrysk

Hanneke de Jong, Gers op it dak. Tekeningen: Linda de Haan. Audiofrysk

Hanneke de Jong, Heksegrytta. Bornmeer

Jurjen van der Meer, Sin oan. Yllustraasjes: Maaike van den Akker en Lip Ferwerda. Utjouwerij Elikser, Ljouwert

Jurjen van der Meer, De toverangel fan Ate. Tekeningen: Maaike van den Akker. Audiofrysk

Jan Schotanus, Wat in ein! Tekeningen: Linda de Haan. Audiofrysk

Hilda Talsma, Slangen ûnder it bêd. Utjouwerij Elikser, Ljouwert

Mindert Wijnstra, Beppe hat in aaipet. Tekeningen: Babs Wijnstra. Audiofrysk

2018:
Janneke de Boer, Geheimen út ‘e Boskberch. Yllustraasjes: Janneke de Boer. Utjouwerij De Boekebei, Weidum

Dêr komt Tomke oan. Tekeningen: Luuk Klazenga. Afûk, Ljouwert

Lida Dykstra, Dweiltrochwiet / Kleddernat. Yllustraasjes: Willemke Brouwer. Afûk, Ljouwert (twatalich)

Lida Dykstra, Sipke’s Elfstedentocht / Sipke syn Alvestêdetocht. Yllustraasjes: Harmen van Straaten. Rubinstein,Amsterdam en Afûk, Ljouwert (twatalich)

Hanneke de Jong, De Bonsterkes op ‘e terp. Yllustraasjes: Linda de Haan. Bornmeer

Janny van der Molen, De trije klokketiers fan Koartsweagen. Yllustraasjes: Monique Beijer. Bornmeer

It leafst bin ik in fûgel. Poëzy foar bern fan 9 – 99 jier. Yllustraasjes: Marijke Klompmaker. Afûk, Ljouwert

Nei de top. Seis ferhalen oer ferneamde Friezen. Utjouwerij Elikser, Ljouwert

Koos Tiemersma, Heech Tymo, sjoch omheech. Yllustraasjes: Carla van der Heijde. Het Nieuwe Kanaal

Dolf Verroen & Mindert Wijnstra, Bart & Bouke. Yllustraasjes: Babs Wijnstra. Afûk, Ljouwert (twatalich)

Mindert Wijnstra, Sirkus PeM en de ûlewapper. Yllustraasjes: Babs Wijnstra. Afûk, Ljouwert

Boekefeest op 10 maart!

Boeken fan Fryslân nûget elkenien fan herte út op it Boekefeest op sneon 10 maart oansteande, om 19:30 yn it Schaaf City Theater yn Ljouwert. Haadgast fan dizze jûn is de Flaamske skriuwster Griet Op de Beeck, dy’t it nasjonale boekewikegeskink skreaun hat en fansels Jetske Bilker, dy’t it yn it Frysk oersette mocht. Dêrneist binne der optredens fan skriuwsters Hilda Talsma en Elske Schotanus, komt Baukje Zijlstra fan útjouwerij Bornmeer oan it wurd, is der live muzyk fan Radio Barkas en folle net genôch. Wêst derby dus. Tref skriuwers yn it wyld en ha in moaie jûn!

Prachtige reaksje fan in lêzer oer de Wyn-trilogy

Tip voor de liefhebbers van Friese boeken. Ik lees al jaren Friese boeken en ook al heb je geen enkele interesse in skûtsjesilen, dan verandert dit op slag door het lezen van deze boeken.

Nog nooit zo’n geweldige Friese trilogie gelezen, van Hilda Talsma. Het 1e boek Wyn fan feroaring, 2e boek Wyn fan de wierheid en 3e boek Wyn fan de winners.
Wat een schrijfster, een geweldige humor, meeslepend, verslavend, kortom uniek.
Verkrijgbaar of te reserveren bij de plaatselijke bieb.
Nu eerst maar even afkicken, hier kunnen weinig Friese boeken tegenop!!!

Tine Hoekstra

Premjêre ‘Yn dit lânskip leit myn libben’

Hjoed is de premjêre fan ‘Yn dit lânskip leit myn libben’ op it Noordlijk Film Festival. Oan dizze dokumintêre, dy’t Halbe Piter Claus en Ismael Lotz yn opdracht fan Tresoar makke ha, spylje ik ek in rol, tegearre mei Hylke Speerstra en Huub Mous. Ik fûn it moai om hjir oan mei te wurkjen, wer in hiele nije ûnderfining.
Klik dizze link oan foar mear ynformaasje.

Foto’s makke troch Haye Bijlstra fan Tresoar.

Fotokollaazje fan de boekpresintaasje op 23 juny.

De presintaasje fan Wyn fan de winners en Slangen ûnder it bêd wie op in prachtige lokaasje! Yn gearwurking mei it bestjoer en frijwilligers fan Museum Warten hiene we de presintaasje ûnder de heakap by de greidbuorkerij. Oanslutend wie de sutelaksje mei Fryske boeken troch Warten en dy hat mar leafst €2700,- opsmiten! In tige slagge dei foar de Fryske literatuer!

Klik dizze link oan foar de webside fan Museum Warten.

1 2 3 5  nei boppe ta