Wyn fan feroaring

Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy ‘t sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan ‘e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing.

Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy ‘t der mar wat hinne libje. De ienige fan har famylje dêr ‘t se har by thús fielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op sylfekânsje. As omke komt te ferstjerren moat Johanna wol kontakt sykje mei har heit en mem en sjocht se har famylje foar it earst yn jierren werom. Ek Ate.
It testamint fan Hannes set it libben fan de famylje Kamstra folslein op ‘e kop. Se moatte mei elkoar in kasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. De ynset: de foarstlike erfenis fan Hannes…

Mei Wyn fan feroaring skriuwt Hilda Talsma de earste echte skûtsjeroman. Fris en tagongklik, mei ‘it brûs foar de kop’. Nei de Frisum-trilogy ‘De twadde hûd, Flammen en It Geloksbern’ en de roman Brekber is dit alwer it fyfde boek fan Hilda. Yn al har boeken stiet de minsk en de leafde sintraal.

“Skûtsjeromans, wienen dy der eins wol? Losse ferhalen dy ’t it skûtsjelibben fan sa ‘n 100 jier lyn in suver hast romantyske ynslach joegen wol, mar in sljochtweihinne leafdesferhaal, nee dat wie der net. Wyn fan Feroaring bringt dêr…..feroaring yn.

De nije roman fan Hilda Talsma is net allinnich mar in leafdesferhaal, it nimt ús mei yn in wrâld dy ’t foar in soad lêzers oars net bekend is as fan de radio en de tillefyzje. Simmer yn Fryslân en it Skûtsjesjoernaal fertelle ús wol fan de wedstriden, mar hoe giet it der no werklik yn dy silerij om en ta? Wat bart der oan board? Wat libbet der ûnder skippers en bemanning?

Sa as de spanning oprint foar de start fan de silerij, sa rint ek de spanning op yn Wyn fan Feroaring. Ate, de skipper en Johanna, syn nicht dy ’t syn adviseur is, sy moatte harren bemanning en omsittend laach besykje ta in ienheid te smeien. Mei harren skûtsje Alinde sile se mei by de IFKS. Dat is noch net samar klear, want mei noch mar in pear moanne foar de kompetysje is it skip oars net as in kasko. It moat noch opboud en betimmer wurde. Der moat treend wurde en lykas yn it echt binne der wolris komplikaasjes. Lykwols, se krije de Alinde wedstrydklear en sile mei.

Middenmank dit silerslibben spilet him ek noch it privélibben ôf fan Ate en Johanna. Dêr is it ek net altyd foar de wyn, mar moat ek lavearre wurde en is der ek wolris averij. Hilda Talsma hat al dizze fasetten treflik ferwurke yn in ferhaal dat je fan de earste wurden ôf yn de besnijïng hâldt!” (Martsje de Jong)